Erfgoedynstellingen hawwe grutte noed oer enerzjykosten

novimber 20, 2022 08:38

In protte erfgoedynstellingen (87%) hawwe grutte noed oer de hege enerzjykosten. Dat docht bliken út in lanlike enkête fan it Lanlik Kontakt fan Museumkonsulinten en Erfgoed Gelderlân. Troch koroana hawwe organisaasjes net folle fleis op ’e bonken, sadat de hege enerzjykosten in direkt begruttingsprobleem binne. “Spitigernôch is de situaasje yn Fryslân dêr gjin útsûndering op”, seit Mirjam Pragt fan Museumfederaasje Fryslân.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

De enkête is yn septimber 2022 holden. In mearderheid (60%) fan de erfgoedynstellingen joech doe oan dat it net mooglik is om de nei te stribjen wearden foar binnentemperatuer (yn in protte gefallen tusken de 18 en 21 graden) it hiele jier troch te hanthavenjen. En dat hat ferskate gefolgen.

Kolleksjes ûnder druk
Sûnder yngripen driigje der problemen op ûnderskate mêden: de finansjele posysje fan erfgoedorganisaasjes wurdt minder, frijwillligers bliuwe fanwege de kjeld thús en der kin skea oan gebouwen en kolleksjes ûntstean. “Op it stuit stiet it optimaal behearen en presintearjen fan de kollektive Nederlânske keunstkolleksje en weardefolle objekten ûnder druk”, stelt it ûndersyksrapport. In stikmannich ynstellingen dy’t oanjouwe noch gjin problemen te ûnderfinen, sizze dêrby: “No noch net, ús enerzjykontrakt rint noch in skoftke”. Of: “Wy hiere no mei enerzjy ynbegrepen, mar yn ’e takomst ferwachtsje wy dêr taslaggen yn.”

Ferduorsumjen net ienfâldich
Mear as de helte fan de ûnderfrege erfgoedynstellingen is dwaande – of hat yn it ferline dwaande west – mei it ynvestearjen yn ferduorsuming. Lykwols binne in protte erfgoedorganisaasjes húsfêste yn histoaryske gebouwen dy’t min isolearre binne. Fanwege de monumintale status is ferduorsumjen net altyd ienfâldich.

26 Fryske erfgoedynstellingen diene oan de enkête mei, sa’n 15% fan it totaal tal respondinten (189). In oersjoch fan de wichtichste útkomsten fan it ûndersyk is te finen op www.museumfederatiefryslan.nl/energiekosten.

novimber 20, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.