Enoarme stiging transportkosten elektrisiteit lân- en túnbou
Resint ferskynd
Boeren en túnkers wurde konfrontearre mei in enoarme kostestiging yn 2023. De transportkosten foar stroom sille gâns tanimme. Foar bedriuwen mei in grutferbrûkoansluting is dat yn trochsneed 52%. Dat betsjut foar in lytse boer tûzenen euro’s jiers. Foar grutte túnkers kin it om tsientûzenen euro’s jiers gean. LTO hat dêr grutte noed oer.

Foto: LTO Noard
“Boeren en túnkers binne al mei grutte kosteferhegingen konfrontearre. Stroom en gas is flink djoerder wurden. Nochris hegere transportkosten is in ekstra hurde klap. It ACM moat de taryfstiging noch goedkarre. Wy roppe de oerheid op om dy kostestiging tsjin te hâlden”, seit Nico Verduin, bestjoerder by LTO Noard.
Djoerdere ierpels
Cornelis van Eck hat in biologysk lânboubedriuw yn Herkingen, Súd-Hollân. Hy krige in brief dêr’t de taryfstigingen foar enerzjytransport yn oankundige waarden. Foar him betsjut it dat er takom jier 5000 euro mear betelje moat. “Ik fyn it echt bespotlik. Ik haw gjin idee wêrom’t it safolle djoerder wurdt. Foar enerzjy begryp ik it noch wol, mar foar transport? Ik fiel my machteleas, mei’t dy oanbieders in monopoaljeposysje hawwe. Ik hoopje echt dat it ACM der wat oan dwaan kin. Oars giet ús kostpriis wer omheech”, seit Van Eck.
Breder as lânbou
Net inkeld de lân- en túnbou wurde troch de kostestiging rekke. Oare ûndernimmers, lykas bakkers en waskerijen wurde ek hurd rekke. Sels de gewoane konsumint hat mei in stiging te krijen. Foar harren geane de jierlikse kosten fan 397 euro omheech nei 513 euro yn 2023.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje