Enerzjywaarberjocht moat liede ta griener en suniger enerzjygebrûk

novimber 1, 2022 08:43

Fan no ôf wurdt alle wiken in nij enerzjywaarberjocht op ynternet set. Dêryn krije sjoggers ynformaasje en tips om harren enerzjyferbrûk te ferleegjen. As in protte minsken har oan de advizen fan dat berjocht hâlde, kin dat neffens de inisjatyfnimmers in pear persinten yn gasferbrûk skele.

Helga van Leur (foto: Wikipedia/Waterschap Hollandse Delta – CC BY 3.0)

Stel dat it in dei berûn is en net folle waait, dan kinne minsken it advys krije dy deis net de wask te draaien of de auto op te laden, want troch it waar is der dan net folle duorsume enerzjy beskikber. As in dei letter de sinne wol skynt en it waait, dan is der folle mear enerzjy beskikbar foar de wask en it oplaten. “As men op sa’n tûk momint stroom brûkt, hoege minder gassintrales ynset te wurden foar it produsearjen fan genôch enerzjy. Dat kin in hiele protte skele”, seit Olof van der Gaag fan de Nederlânske Feriening Duorsume Enerzjy (NVDE).

It enerzjywaarberjocht wurdt presintearre troch waarfrou Helga van Leur en duorret alle wiken sa’n oardel minút. Hja jout ek algemiene tips foar it besparjen fan enerzjy, lykas ‘doch de ferwaarming in oere foardat jo op bêd gean út’ en ‘doch allinnich it ljocht oan yn keamers dy’t jo brûke’. Van der Gaag hopet dat hûnderttûzenen minsken alle wiken nei it enerzjywaarberjocht sjen sille. Yn elts gefal oant ein jannewaris wurdt der alle wiken in ôflevering makke. Dan wurdt besjoen oft der mei trochgien wurdt. Foar it enerzjywaarberjocht wurdt gearwurke tusken de NVDE, elektrisiteitsnetbehearder Tennet, gasnetbehearder Gasunie en it KNMI.

It is ynspirearre op in Frânsk foarbyld. Dat bestiet sûnt 2020, en wurdt troch de hege enerzjyprizen de ôfrûne moannen troch hieltyd mear minsken besjoen.

Besjoch hjir de earste ôflevering.

novimber 1, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jacob Klimstra novimber 1, 18:15

    Dit dogge de measte Friezen al lang: it waar skôgje en dêr neffens hannelje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.