Earm jonkje – in âld sinteklaasferske
Resint ferskynd
Fan Jangerben Mulder, dy’t geregeld histoaryske ferhalen foar ús rubryk ‘Kreative bydragen’ ynstjoert, krigen we in âld sinteklaasferske. Syn skoanmem, berne yn 1911, hie it op skoalle leard. It like him, spesjaal yn dizze tiid fan nije earmoed, wol aktueel. Hy skreau: “Doedestiid wie sinteklaas der allinne foar de begoedige minsken. (…) Dy tiid ha we no wer. Allinne is it klompke feroare yn it skuontsje.”
Nijsgjirrich nei it komôf fan it ferske hawwe we Lammert Mink fan Sint-Jânsgea, in samler fan alles wat mei Fryske lieten te meitsjen hat en dy’t dêr in museum fan oanlein hat, frege oft hy neigean koe wa’t dit ferske makke hie(ne), op hokker wize it songen waard en oft it ek yn in lietebondel útkommen wie.
It die bliken dat it nûmer 3 is út in bondeltsje Berne-sankjes. Dat moat yn 1920 – op inisjatyf fan de Kommisje foar muzyk en sjongkeunst fan de Jongfryske Mienskip – útkommen wêze. Sjoch hjir de foarkant en ûnhâldsopjefte.
Neffens de hjoeddeiske stavering sjocht it liet der sa út:
Yn de ferzje dy’t Mulder stjoerde wie de tredde rigel fan it twadde kûplet sa: ‘Ik haw altyd goed myn bêst dien.’ Sjoch hjir de orizjinele pianobegelieding.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje