‘Dungeons & Dragons’ yn it Frysk Museum

novimber 14, 2022 08:37

Op sneon 10 desimber slane Stichting Mythemakers, it Frysk Museum en IIS (LF2028) de hannen gear foar in bysûndere Dungeons & Dragons-jûn yn it museum.

Konservator Diana Spiekhout (foto: Ruben van Vliet)

Mei in besite oan de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer, in kolleezje ‘worldbuilding’ troch konservator Diana Spiekhout en in folslein fersoarge D&D-spuljûn troch Mythemakers, wurde dielnimmers ûnderdompele yn ’e wrâld fan midsiuwsk Fryslân. De jûn is ûnderdiel fan IIS, in mienskipsprojekt fan Arcadia. De spuljûn kostet fiif euro, oanmelde is needsaaklik. Dat kin fia friesmuseum.nl/mythemakers. Sawol nije spilers as D&D’ers mei ûnderfining binne wolkom.

Foto: Pieta Roorda

Dungeons & Dragons is in populêr rollespul. It spilet bygelyks in promininte rol yn de Netflix-searje Stranger Things. In spullieder kiest it ferhaal, faak fol draken en magy, en de omjouwing dêr’t it him ôfspilet. Foar it Arcadiaprojekt Mythemakers x IIS binne der spesjaal ferhalen skreaun dy’t har yn midsiuwsk Fryslân ôfspylje.

De D&D-jûn begjint foar de dielnimmers mei in mienskiplike besite oan Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer. Yn dy útstalling stiet itselde tema sintraal: Tota Frisia yn de folle en lette midsiuwen. Dêrnei nimt konservator Diana Spiekhout de groep mei yn in tritich minuten duorjend kolleezje oer wrâldbouwen. Spiekhout is sels ek in fanatyk D&D-spiler en joech earder in soartgelikens kolleezje (yn kostúm) by fantasyfestival Castlefest. Nei’t de dielnimmers folslein ûnderdompele binne yn ’e wrâld fan Tota Frisia, sette de spilers útein, begelaat troch de ‘Dungeon Masters’ fan Mythemakers. It evenemint begjint om 17.00 oere en duorret oant likernôch 23.00 oere. Foar dielnimmers dy’t it hiele programma meidogge, wurdt foar iten soarge yn Kafee Thús.

D&D fergruttet ynlibbingsfermogen en kreativiteit
D&D is in rollespul oan tafel dêr’t de spiler net allinnich in personaazje by wurdt, mar ek in ferhaal fertelt. Unyk oan D&D is dat it, sa’t bliken dien hat, it ynlibbingsfermogen en de kreativiteit fergruttet en dat de spilers probleemoplossend leare te tinken. It projekt makket it ek mooglik om op boartlike wize mear oer de Fryske skiednis te learen.

Lês ek: www.itnijs.frl/2022/08/op-aventoer-troch-de-fryske-skiednis

Foto: Pieta Roorda

novimber 14, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.