Doede Wiersma: Net God, mar minsken binne it probleem

novimber 6, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Der stiet in rou-advertinsje fan in bekende yn ’e krante… Moatte wy derhinne, in brief of in kaart stjoere?
Geregeld meitsje wy it mei dat yn ús freone-rûnte slimme dingen barre. Dan moatte wy wat dwaan, mar wat en hoe? Leauwige minsken kieze faak foar in liet, of in bibeltekst as treast. Yn petearen mei siken litte se fan harren fyzje op leed en dea blike. As Job syn bertedei ferflokt, dan giet it ien fan syn freonen, Elifaz, fierstente mâl. It falt ek net ta om in opstannich minske oan te hearren.

Elifaz en Job. James Tissot (1836-1902) – The Jewish Museum, New York.

Elifaz begjint mei Job te priizgjen: “Wa soe de wurden ynhâlde kinne? Dyn wurden ha dy’t stroffele oereinholpen, sloppe hannen hasto sterk makke.”

Elifaz bedoelt: doe’t Job noch sûn wie, wie er in goede treaster. En it falt him sa ôf, dat er it no sa sitte lit. “No’t it oan dy takomt, bist alhiel fan ’e wize en oerstjoer.” Mei oare wurden: de treast dy’tst oaren joust, wurket by dysels net. Mei dat ferwyt komt der in ferwidering tusken him en Job. Dy wurdt noch grutter as Elifaz seit: “Tink ris goed nei, wa is oait ûnskuldich omkommen?”

Elifaz wol derop oan dat it lijen fan Job de straf fan God op syn ferkeard gedrach is. Mar dat syn freonen foar harren godsbyld opkomme en net foar him, dat makket Job troch alles hinne lulk. Hy fielt him net treaste!

Net God, mar in soad minsken dy’t beweare dat se yn Him leauwe, binne it probleem. Dy minsken komme foar harren ‘God’ op en triuwe dêrmei de fertrietlike minske mear yn it isolemint.
As dat net slim is, wat dan wol?

Lêze Job 4:1-9

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 6, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.