Doede Wiersma: Nei fiif jier om in preek freegje
Resint ferskynd
Oertinking
Fiif jier nei’t ik in preek oer Psalm 69 holden hie, frege in frou my om de útskreaune tekst dêrfan. Har man, in keardel as in beam en mei hert en siel boer, noch gjin sechstich, hie kanker en koe net wer better. Se skille my en sei: “Myn man wol sa graach dy preek oer psalm 69 lêze.” Ik ferwûndere my deroer dat immen dat nei fiif jier noch wist. Yn it begjin fan dy preek sitearre ik de earste rigels fan de Psalm:
“It wetter stiet my oan ’e lippen ta.
Ik sakje djip yn ’e modder wei,
de stream spielt my fuort.
Ik bin ynein fan it roppen.”
Dêrnei frege ik: Op hokker mominten ha wy dat gefoel? As antwurd joech ik: Myn ûnderfining is dat minsken har sa fiele as se foar it earst hearre dat se kanker ha. It is dan krekt as sakje se troch it iis. Alle fêstichheid is fuort. Se geane kopke ûnder, de fuotten wurde kâld, de fingers sûnder gefoel, it lichem swier.
Yn in deiboek fan in kankerpasjint lês ik as earste reaksje op de útslach fan de CT-scan: “Ik meitsje ûnsekere dagen troch. De eangst fljocht my nei de kiel!”
De kanker. Ien op ’e trije meitsje it mei. Wy meie dy sykte sjen as de fijân út ’e Psalm: “Sterk is wat my ferdylgje wol, myn fijân sûnder reden” (5).
Op ’e telefyzje seach ik ris hoe’t in skyer rêden waard út in smelle, djippe rotskleau. In maat sakke nei him ôf en prate oanienwei tsjin him: hy mocht net bûten westen reitsje. Underwilens rôpen de oaren in rêdingshelikopter op. Al dy tiid moast de man hoopje op help.
De leauwige yn Psalm 69 ropt: “Rêd my!” Hy is ynein fan it roppen, syn eagen bejouwe har fan it útsjen nei God. “Mar,” seit er, “ik kom mei myn gebed foar Jo, Heare. Helje my út it slyk, rêd my út it djippe wetter” (14,15).
Dat immen nei fiif jier noch om in preek freget, jout my de moed om se te hâlden.
Lêze: Psalm 69:1-4: 14-19
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje