Doede Wiersma: Is SJALOOM in oar wurd foar God?
Resint ferskynd
Oertinking
Mei advint hearre wy fan hiel grutte idealen: heil, glâns, gloarje, geunst, trou, gerjochtichheid èn IT GOEDE. Elk fan dy wurden seit wat oer it wêzen fan de God út de Bibel. Alle wurden mei-inoar folje it begryp SJALOOM. Sjoch ek It wraldomfiemjende fisjoen fan frede.
Falle God en sjaloom foar in grut part gear? Dat is wol op te meitsjen út nammen as Salomo: Hy (God) is sjaloom; of Ab-salom: (de godlike) heit is sjaloom; of Jeru-salem: plak fan de God ‘Sjaloom’.
Yn ús tiid fine in soad minsken it dreech om har in foarstelling fan God te meitsjen. Sille wy ris begjinne mei ús in miening te foarmjen oer frede? En dan ek by dy oare wurden dêr’t frede de gearfetting fan is? Dy wurden liede ús nei God en as wy oan Him tinke, komme wy út by boppeneamde idealen. Tagelyk beseffe wy dat Hy fan ús freget om oan dy wurden dy ynhâld te jaan dy’t Hy se ta ha wol. Sa groeit yn ús in hinne-en-wer gean fan de wurden nei God en fan God nei de idealen. En dy idealen meie wy dan omsette yn dieden.
Yn ’e Bibel lêze wy hjoed dat Gods Geast dat yn ús groeie lit. Dy Geast fan God kaam oer Jezus. Jezus makke God ta syn program troch Him Gods dream eigen te meitsjen. Hy lit ús sjen dat it fisjoen fan God te realisearjen is. Dêrom jout advint ús moed foar de takomst. Hoop skept ommers takomst!
Lêze: Galatiërs 5:19-25
Moaije oertinking, tige tank!