Doede Wiersma: Goede dingen fan God sizze

novimber 13, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

In moai spantsje ferwachte it earste bern. Wat wiene se bliid en wat seagen se dernei út. By de berte bliek dat it bern slim handicapt wie. It waard in swiere wrakseling om dat te akseptearjen. Yn it fersoargingshûs dêr’t de mem wurke, sei in âlder minske yn alle earnst dat dit net samar wie, dat God der in bedoeling mei hie. De jonge mem kaam alhiel oerstjoer thús. Dan hat men alles tsjin en kriget men God ek noch tsjin? Wat kinne minsken mei in berop op God wreed wêze!

Se woene it bern dope litte, mar it duorre moannen ear’t se dêroan ta wiene. Doe wie it te ‘belibjen’, doe gie it oer in God dy’t noed stiet foar it swakke en dy’t minsken freget om dy noed op te bringen. Wat God seit tsjin Elifaz, mei ús wol altiten yn gedachten wêze: “Myn grutte lulkens is oplôge tsjin dy en dyn beide freonen, want jimme ha net goed oer My sprutsen en myn feint Job al.”

Hoe is it mooglik! Job flokt, raast en tjirget, ferwyt God de slimste dingen en dan…: “Hy hat goed oer My sprutsen.”

De freonen prate from oer de rjochtfeardige en wize God, en…: “Myn grutte lulkens is oplôge!”
God kin hiel wat ha fan minsken dy’t yn in krisis skelle en flokke. Luther hie dat troch doe’t er sei: Wa’t net flokke kin, kin ek net bidde. Ik bin Luther tankber foar dy spreuk, want ik haw der in soad minsken mei holpen.

Mar dy freonen litte my lykwols net los. My komt yn ’t sin wat Ellen van Wolde skreau: “Dochs tink ik by mysels dat ik meastentiids mear op ien fan ’e freonen lykje as op Job sels.”

Lêze: Job 42: 7-9

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
novimber 13, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.