Deputearre Poepjes wol Ynterfrysk parlemint

novimber 25, 2022 14:45
De ynterfryske flagge

Deputearre Sietske Poepjes wol dat de provinsje Fryslân mear gearwurket mei Noard- en East-Fryslân. Hja hat mei de East-Fryske boargemaster Arno Ulrichs ôfpraat om as earste stap in ‘ynterfrysk kultuerparlemint’ byinoar te roppen foar politisy en bestjoerders út de trije Fryslannen.

Mear oparbeidzje leit neffens deputearre Poepjes foar de hân, want de gebieten hawwe mienskiplike woartels én fergelykbere útdagingen. It stribjen is om takom jier foar it earst in gearkomste fan sa’n ynterfrysk kultuerparlemint te organisearjen. As it wat meisit, is takom jier de earste sitting oer twa dagen.

Frou Poepjes sjocht kânsen foar de gearwurking tusken de trije Fryslannen. “Ik pak dit hiel graach op om der foar te soargjen dat der al yn 2023 in moaie gearkomste holden wurdt”, seit se. It kultuerparlemint sil yn alle gefallen prate oer it beskermjen en fersterkjen fan de ferskate farianten fan de Fryske taal. Mar ek sil it teset mei oare tema’s, lykas enerzjytransysje en klimaatferoaring.

It ynterfryske kultuerparlemint wurdt as it oan frou Poepjes leit gjin frijbliuwende praterij, mar in gearkomste mei in mienskiplike resolúsje, dy’t wer brûkt wurde kin by de nasjonale oerheden yn Den Haag en Berlyn en ek by de Europeeske Uny. “Ik tink oprjocht dat wy as Friezen sterker steane as wy guon saken mei-inoar oppakke.”

Yn de Fryske Rie, it kulturele gearwurkingsferbân, wurdt al langer harsenskrabbe oer mooglikheden om de Fryslannen mear gearwurkje te litten. Sietske Poepjes wie earder alris te gast yn Berlyn by it Friesengremium, it oerlisorgaan fan de Dútske Friezen mei it Dútske regear. Troch koroana krige dy moeting yn earste ynstânsje gjin ferfolch.

Arno Ulrichs fan de Fryske Rie fan East-Fryslân en Sytze T. Hiemstra fan de Westerlauwerske Fryske Rie hawwe no it inisjatyf nommen foar it ynterfryske kultuerparlemint. De earste moeting sil nei alle gedachten yn Ostfriesland wêze, want dat leit sintraal.

Wat de taal fan dat ynterfryske parlemint oanbelanget hat it de foarkar fan frou Poepjes dat elts safolle mooglik de eigen taal prate kin. “Sa haw ik dat mei Ulrichs ek dien. Hy praat Platdútsk en frij aardich Nederlânsk. As ik net te fluch Frysk praat, kinne we inoar goed ferstean.”

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 25, 2022 14:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.