Dei fan de Yslânske taal

novimber 16, 2022 08:27 Fernijd

Jónas Hallgrímsson troch Déssington (boarne: Wikipedia – publyk domein)

Sûnt 1996 wurdt op Yslân alle jierren op 16 novimber stilstien by de Yslânske taal yn de ‘Dagur aparslenskrar Tungu’. 16 novimber is de bertedei fan Jónas Hallgrímsson.

Jónas Hallgrímsson (16 novimber 1807 – 26 maaie 1845) wie in Yslânsk dichter, auteur en natuerwittenskipper. Hy wie ien fan de stichters fan de Yslânske krante Fjölnir, dy’t foar it earst publisearre waard yn 1835 yn Kopenhagen. It deiblêd waard troch Hallgrímsson en oare nasjonalistyske dichters brûkt om it nasjonale gefoel by de Yslânske befolking te stimulearjen, yn ‘e hope dat dat resultearje soe yn ferset tsjin de Deenske oerhearskers. Yn 1944 waard Yslân ûnôfhinklik fan Denemarken.

It Yslânsk is in Noard-Germaanske taal mei hast 320.000 sprekkers en is de offisjele taal fan Yslân. As se in jier as acht binne, leare skoalbern it Ingelsk, as twadde taal. Dêrneist wurdt der in soad Deensk praat op Yslân.

De ‘Dei fan de Yslânske Taal’ hat ta doel om it Yslânsk te beskermjen. Troch it ministearje fan kultuer, wittenskip en ûnderwiis wurdt der jierliks in priis – de Jónas Hallgrímsson Award – útrikt oan dejinge dy’t him ynset hat foar it befoarderjen en behâld fan de Yslânske taal. Is is in offisjele feestdei yn Yslân.

novimber 16, 2022 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.