Deadlike reek Tata Steel bliuwt bedriging foar Noard-Hollân
Resint ferskynd
Yn Noard-Hollân is op ‘e nij in protte fergiftich roet oantroffen. It komt fan reek út de skoarstiennen fan Tata Steel, it eardere Hoogovens. Dat bedriuw jaget safolle deadlike stoffen de lucht yn dat it de lêste pear jier al 35 kear in miljeuboete krige hat.
Neffens Tata Steel is de útstjit al mei de helte sakke troch nije filters. Yn guon plakken, lykas Beverwijk, Velsen en IJmuiden is lykwols like folle of mear fergiftige delslach fûn as twa jier lyn. Yn oare plakken is wol minder oantroffen. Dat komt mooglik trochdat de wyn út oare rjochtingen waaide as in pear jier tebek.
Neffens it RIVM kin men dêrom net mei wissichheid sizze oft Tata Steel minder fergiftige stoffen útstjit. It ministearje fan ynfrastruktuer en wettersteat is it dêrmei iens. It docht te witten dat der langer ûndersyk nedich is om wissichheid te krijen. Dat betsjut dat Tata Steel noch jierren trochgean kin mei syn mooglik slim gefaarlike yndustry.
De reek út de skoarstiennen fan it stielferwurkjende bedriuw befettet ûnder oaren lead en saneamde polysyklyske aromatyske koalwetterstoffen. De stoffen kinne kanker oansette en benammen by bern de ûntjouwing fan de senuwen en it brein fersteure, mei allegear sykten as gefolch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje