De kening yn it bûthús
Resint ferskynd
Ynstjoerd
In fraaie foto yn ’e krante fan 9 novimber: ús kening oan in grutte tafel – mei boerebûsdoek – midden yn in modern bûthús mei allegear keallen. De boeren of harren fertsjintwurdigers hiene it fansels oer stikstof. Jawol! De kening yn eigen persoan docht syn bêst om in oplossing te finen. Syn fraach: Hoe kin it wol? Hoe kin der lykwicht brocht wurde tusken it boerebedriuw en de natoer? In ferhelderjend antwurd waard net fûn.
Wat in fertoaning! In better – moat wêze; in falsker – byld fan de ympasse dêr’t it stikstofdebat yn ferkeart, kin net jûn wurde. Prachtich: mei de kening om de de tafel yn in bûthús. Spitich: de keallen wiene sa lûdroftich, dat de minsken inoar hast net ferstean koene.
Inger Wets
Klassike muzyk (fan Mozart bygelyks) bêdet del.