Constantijn Huygens-priis foar romans, ferhalen en gedichten fan Marion Bloem
Resint ferskynd
Foar har romans, ferhalen en gedichten kriget Marion Bloem de Constantijn Huygens-priis. Dat is yn it NPO Radio 1-programma Kunststof buorkundich makke.

Marion Bloem yn 2012 (foto: Wikipedia/Tong Tong Fair/Festival – CC BY 2.0)
“Net inkeld it resinte en monumintale Indo ut 2020, dat elkenien lêze moat dy’t yn it tema identiteit ynteressearre is, is persoanlik, orizjineel, meislepend en út in grutte maatskiplike belutsenheid skreaun. Fan it earste boek ôf jildt dat foar har folsleine oeuvre”, seit de sjuery fan de Jan Campert-stifting, dy’t foar de priis ferantwurdlik is.
“Ik bin noch ferstuivere, mar bliid en ik mis myn grutste fan fansels, mar ik wit dat er earne meigenietet”, seit frou Bloem op Twitter. Har man Ivan Wolffers ferstoar op 7 oktober. “In foarâlder út ús stambeam krige de priis yn 1949, en ik haw dy moaie oeuvrepriis hjoed by Kunststof offisjeel takend krige.”
Frou Bloem fiert dit jier har 70e jierdei, en har 50-jierrich jubileum as skriuwer. Yn 1972 ferskynde har earste boek Geen gewoon Indisch meisje, dêr’t 350.000 eksimplaren fan ferkocht binne. Takom jier yn ’e winter ferskynt har nijste roman De meisjes uit het dorp. Njonken skriuwster is frou Bloem ek byldzjend keunstner en dokumintêre- en filmmakker.
Oan de Constantijn Huygens-priis is in bedrach fan 12.000 euro ferbûn. Eardere winners wiene Peter Verhelst (2001), Guus Kuijer (2020), Stefan Hertmans (2019), Nelleke Noordervliet (2018), Hans Tentije (2017), Atte Jongstra (2016) en Adriaan van Dis (2015).
Der waarden juster ek noch trije oare prizen takend. Dominique de Groen wûn mei har bondel Slangen de Jan Campert-priis (6000 euro). Donald Niedekker krige de F. Bordewijk-priis (6000 euro) foar syn roman Waarachtige beschrijvingen. De twajierlikse J. Greshoff-priis (ek 6000 euro) gie nei Marjan Slob, foar har boek De lege hemel, oer iensumens. De útrikking fan de prizen is op 12 febrewaris yn Theater aan het Spui yn De Haach. De Jan Campert-stifting waard yn 1947 oprjochte en ferneamd nei de dichter dy’t lang yn De Haach wenne en it ferneamde fersetsgedicht ‘De achttien doden’ skreau.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje