Briefkje oer taal (41) 

novimber 29, 2022 08:31

Jan Breimer reagearret dizze kear net op de lêste, mar op in âldere brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

Yn dyn brief fan trije wike lyn hasto kreas en dúdlik útlein wat it ferskil is tusken de wurden ferskate en ferskillende en dat de betsjutting fan dy wurden gelyk op giet mei verscheidene en verschillende. Foar wa’t dat nochris neisjen wol: https://www.itnijs.frl/2022/11/briefkje-oer-taal-38.
Dêr gean ik noch efkes op troch, want fan ’e wike frege my ien, hoe’t it dan mei diverse sit. It Frysk Wurdboek en www.frysker.nl sette dat oer mei ferskillende én ferskate. “Makket it neat út hokker fan de twa oft ik dan yn in oersetting brûk?” woe de freger witte.

Jawis wol, it is mar krekt wat bedoeld wurdt. Mei diverse kin útdrukt wurde dat it om ferskillen giet, mar ek om hoemannichte, meastal in protte. Yn ‘diverse mensen kunnen de energienota niet betalen’ wol diverse foaral beklamje dat dêr in protte minsken mei sitte, dat it leit foar de hân om it dan mei ferskate oer te setten. Yn ‘dat probleem kan diverse oorzaken hebben’ wurdt mei diverse lykwols bedoeld dat it net wis is wat de krekte oarsaak is; it kinne ferskillende wêze. Oft it om in protte oarsaken giet, is mar de fraach, dat ferskate is hjir net de foar de hân lizzende oersetting; ferskillende is better.

No sit ik lykwols mei in swierrichheid. Ferskillende is de bûgingsfoarm fan ferskillend, mar is ferskate wol de bûgingsfoarm fan ferskaat? As we it oer ferskillende kleuren hawwe, dan binne dy kleuren ferskillend, mar as it oer ferskate minsken giet, binne dy minsken dan ferskaat?
It Woordenboek der Friese Taal (WFT) en it Frysk Wurdboek (diel 1) neame ferskaat allinne as haadwurd. It Frysk Hânwurdboek ken it haadwurd (it) ferskaat (= samling fan ferskillende ienheden) en it eigenskipswurd ferskaat (= faninoar ôfwikend → ferskillend).

Is der wat feroare sûnt de tachtiger jieren? As ik lês dat it feestprogramma ferskaat is, is dat nei myn betinken nuver sein. Ik soe leaver sizze dat it in bûnt programma is of dat der in soad ferskaat yn sit. Sjoch ik it goed dat we it mei it eigenskipswurd ferskate foaral oer in soad hawwe, mar dat it haadwurd ferskaat op ferskillen, ôfwikseling, fariëteit doelt?

Yn in artikel op It Nijs lies ik, jierren lyn, dat in boer op in foarljochtingsgearkomste beswier makke tsjin it wurd biodiversiteit. Hy sei: “Wy sizze bioferskaat.” Grut gelyk, tocht ik en sûnt brûk ik dat wurd ek. As ik my net fersin wurdt it troch oaren ek in soad brûkt, mar nei de útlis yn dyn brief fan trije wike lyn bekrûpt my de twivel. Yn prinsipe slacht ferskaat hjir op ferskillen yn de gearstalling, mar yn it gefal fan gewaaksen leafst wol wat mear as in bytsje, ferskate soarten. Ferskillend en in protte lizze soms tige ticht byinoar.

Om noch efkes op diverse werom te kommen: yn it Hollânsk bestiet divers ek, as it foar in het-woord stiet. ‘Een divers eisenpakket’. Is dat oer te setten mei ‘in diversk easkepakket’? Nei it betinken fan de direksje dy’t dêroer kedize moat wol: in duvelsk pakket fan easken! Diversk (mei de klam op it earste wurdlid) is itselde as duvelsk. It giet lykwols om in pakket fan ferskate ferskillende easken. Sa haw ik dy wurden noch nea njonkeninoar sjoen, mar is dêr wat op tsjin?

Met freonlike groetnis,

Jan

novimber 29, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.