Briefkje oer taal (40)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/11/briefkje-oer-taal-39/)
Bêste Jan,
der sieten safolle nijsgjirrige dingen yn dyn brief fan ferline wike, dat ik my suver beheine moat yn myn reaksje.
De eigenskipswurden dy’t einigje op in fuortsettend mulwurd wolle yn it Frysk net sa goed, wylst der yn it Nederlânsk safolle fan binne. Hertferskuorrend en baanbrekkend wurde noch wolris brûkt, mar paadsljochtsjend wurdt al wat stiver. Langhalzjend kin der skoan op troch, mar in wjergader foar hemelschreiend of deerniswekkend, tranentrekkend of tenenkrommend is dreech te betinken. Feitliken moat it ten hemel schreiend wêze, trije wurden. Hawar, lit ús hoopje dat kreativiteit en yngreven taalgedrach dêr in Fryskeigen modus yn fine sille.
It is (noch) net onrustbarend. Dat wurd wol ik graach efkes oer trochtinke. Letterlik soe it yn it Frysk ûnrêstbernjend wêze moatte. Om te gnizen fansels, mar dat jout oan dat it ‘baren van onrust’ (yn it Hollânske wurd dus) nochal healwiis is. Sawol yn it tiidwurd baren as yn it haadwurd bern sit de grûnbetsjutting drage, mar dy betsjutting is hielendal ferskood nei de ein fan de draachtiid, it punt fan de berte. Bern wurde earst droegen (to bear-bore-borne yn it Ingelsk) en dan berne; eerst gedragen en dan geboren (he is born). It tiidwurd bernje sil net faak brûkt wurde, tink ik. As bisten op ’e wrâld brocht wurde, hawwe wy dêr in eigen fokabulêr foar: fôlje, bigje, kealje, lamje (of eandzje), jongje, bringe, smite.
No bin ik in sydpaad ynslein dêr’t we letter wolris op weromkomme kinne. Dyn brief hie noch twa oare ûnderwerpen dêr’t ik op reagearje wol.
De regelmjittige doetiidsfoarm fan it tiidwurd lêze bringt my it helpboekje Tiidwurden (net hulpboekje!) yn ’t sin. Dêr stiet lêsde net yn, mar der wurdt wol ferteld dat de oergong fan ûnregelmjittige nei regelmjittige ferbûging in proses is dat al hiel lang oan ’e gong is. Jierrenlang wie de opfetting by de Afûk dat ûnregelmjittige foarms beskerming fertsjinje, mar dat idee liket loslitten te wêzen. Yn de útjefte fan 2018 binne lykwols minder ûnregelmjittige tiidwurden opnommen, omdat de regelmjittige ferbûging foar kar nommen wurdt. Yn de eardere útjeften wie by guon tiidwurden oanjûn dat ek in regelmjittige ferbûging mooglik wie, mar dat is no dus feroare, sa’t it liket om it proses nei hieltyd mear regelmjittigens te ferhastigjen. Wêrom?, soe men sizze. Hoe komt sa’n feroaring fan belied ta stân? Is it eins wol in kwestje fan belied? De swakke ferbûging fan hâlde wurdt nammentlik net neamd, wat men no ferwachtsje soe. Is it hâlde-hold-holden, omdat houden yn it Hollânsk ek ûnregelmjittich ferbûgd wurdt? Miskien fernimst wol, Jan, dat ik argewaasje haw fan dy ynkonsekwintens.
Oar ûnderwerp.
Yn it wykein lêsde, (fergemy) lies ik yn ’e krante oer Philippus Breuker syn nije boek. Wim hat gelyk: boek is in it-wurd en nei in besitlik foarnamwurd kriget it eigenskipwurd gjin -e. Tank foar de opmerking. De krante wurdt net goed korrizjearre. ‘Syn nij boek’, dat is de regel. Neffens it filmke fan Professor Henk en ek neffens de Grammatica Fries fan Jan Popkema is dat oars as yn it Nederlânsk. Mar dat is net hielendal wier, it Nederlânsk hat dy regel ek. Of miskien moat ik sizze hie dy regel ek. Yn de Camera Obscura past Hildebrand (Nicolaas Beets, 1814-1903) dy regel op ferskate plakken bewust ta (zijn bruinverbrand gelaat; zijn zorgeloos en blijmoedig en luchtig hart; met zijn klein rond oog.)
Yn it Frysk wurdt de regel (noch) trochjûn, mar yn it Nederlânsk is der net ien dy’t him derom bekroadet, wol ik leauwe. As in taalregel net mear ‘yn libben gebrûk is’, ferdwynt er út ’e grammatikaboeken. By de Taalunie is der neat mear oer te finen. It soe my net fernuverje as dy regel foar it Frysk ek stadichoan fergetten wurdt, mar dat hoecht fansels net.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje