Briefkje oer taal (39)

novimber 15, 2022 08:10

Jan Breimer reagearret op de lêste brief fan Ed Knotter (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/11/briefkje-oer-taal-38/)

Bêste Ed,

Dyn foarige brief hoech ik neat oan ta te heakjen, mar wy moatte Wim, dy’t der in reaksje ûnder sette, net te lang op in antwurd wachtsje litte. It is sa’t ‘professor Henk’ it yn it tafoege filmke útleit. Yn Grammatica Fries leit Jan Popkema op side 164 út dat in eigenskipswurd foar in it-wurd allinne bûgd wurdt as der it, dit of dat foar stiet. Yn alle oare gefallen dus net. Dat dy regel net bot serieus nommen wurdt, sil yndied komme troch beynfloeding fan it Hollânsk. Popkema seit der ek by dat it in ferâlderjende regel is. Dat de oersetter fan Frysker him net oan dy regel hâldt, sil wol in bernesykte wêze. It is te hoopjen dat dêr wat op út te finen is.

Ik haw yn de ôfrûne wike wat oantekeningen makke fan taalgebrûk dat my opfoel.
In goed wike lyn lies ik yn in stikje fan in ferneamd Frysk dichter en skriuwer, dy’t de loftrompet oer in oare skriuwer opstuts: “Pas letter lêsde ik syn grutte romans…” en fierderop “Doe’t ik it dizze wike opnij lêsde…” Wy seine by ús thús net lêsde mar lies en dat sis en skriuw ik noch. As in bern lêsde sei, dan waard it troch in folwoeksene ferbettere en tenei sei sa’n bern ek lies.

Dochs waard ik nijsgjirrich. As foar sa’n skriuwer lêsde de doetiid fan lêzen is, dan komt dat net trochdat er it Frysk (noch) net goed behearsket. Hy sil arguminten hawwe. Neffens Frysker, it Frysk Hânwurdboek (FHWB) en it Frysk Wurdboek (Fr.W), diel I, wurdt it tiidwurd lêze ûnregelmjittich bûgd: lêze, lies, haw lêzen. Dêrom socht ik fierder. It Wurdboek fan de Fryske Taal meldt by it lemma lêze: (weinig gebruikt). Wat dêrmei bedoeld wurdt, wit ik net. Dan wurdt meidield dat neffens it Fr.W fan 1903 de bûging “Ik lês, lies, ha lêzen, lêzende, to lêzen” is, mar dat Eeltsje Halbertsma yn 1829 “(…) uut de krante leazde” en syn broer Joast yn 1854 “Hja, dy de sciedenis fen de folken læsd habbe, bigripe my” skreau. Yn 1943 skreau Y.R. Boarnstra wol: “Ek lies er in bulte”, mar Ype Poortinga joech yn 1960 dochs noch “Ik ha it net lêsd” op en H. Pebesma yn 1979: “Hy lêsde it forkeard.” Taal libbet. Dat sjogge we ek oan de bûging fan lêze.
Minsken dy’t yn it Frysk trochleard hawwe, meie har graach op it WFT beroppe. It soe dus wêze kinne dat de loftrompetsjende dichter-skriuwer tige beynfloede is troch skriuwers út it ferline. ‘Hy ken syn klassiken’ om samar te sizzen. Hoewol, hy skriuwt ek “antikwarys” en hat it oer in “humoristise roman”. Dat binne fan dy opstigingen út de santiger jierren. Doe modern, mar no yn syn eagen faaks alwer klassyk. Hoe’t er der dan by komt en skriuw “koppelje” en “myself” (yn stee fan keppelje en mysels), is my in riedsel. Dat skreauwen de klassiken net. De klam sil by dizze skriuwer wol op utering lizze en net op taalsuverens.

Nijsgjirrich waard ik ek doe’t ik toanoanjouwend keunstwurk lies. Ik ken it wurd toonaangevend, in oan de muzykpraktyk (stimfoarke) ûntliend wurd om dúdlik te meitsjen dat in saak of aksje belangryk is, boppe oare útstekt en in foarbyld foar oaren is. Frysker hat der noch gjin oersetting foar, mar it Fr.W ferwiist nei toongevend en jout dan as oersetting foaroprinnend. Dat moat dan net letterlik nommen wurde, want in keunstwurk rint yn ’e regel net. Soms is it saak en sykje in wurd dat better past by de saak dy’t oanpriizge wurdt. Toanoanjouwend en toanoanjaand binne yn it Frysk net bekend.

Dat –jouwend en –jaand moatte we it ek mar efkes oer hawwe. Ik hearde ien sizzen dat er mei syn bedriuw ophold, want it wie ferliesjouwend, wylst it jierren winstjouwend west hie. Ik wist net better as it hie ferliesjaand en winstjaand wêze moatten. Yn it FHWB steane seis wurden dy’t op –jaand útgeane (ferlies-, lieding-, reden-, rie-, wet- en winstjaand) en it WFT ken ek noch bern-, kredyt- en moedjaand. It WFT ken wol tajouwend (ek yn FHWB) en wetjouwend. Grif ek in stadige ferskowing. Logysk dat it nei -jaand opskoot, tink ik, want sokke fuortsettende mulwurden wurde fan de ynfinityf ôflaat. Wy sizze dochs ek net foarútsjoggend mar foarútsjend? Dat guon dochs foar –jouwend kieze soe wolris mei ritme te meitsjen hawwe kinne. Winstgevend hat trije wurdlidden en winstjaand mar twa. Wa’t in soad Hollânsk praat, hat faaks ferlet fan in oersetting dy’t itselde ritme hat.

Mei freonlike groetnis,

Jan

novimber 15, 2022 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.