Briefkje oer taal (38)

novimber 8, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/11/briefkje-oer-taal-37/)

Bêste Jan,

earlik sein hie ik net tocht dat wy it sa lang oer it dookjen en jookjen hawwe soenen. It ûnderwerp hat him wat ferbrede, dat it brûken fan persoanlike foarnamwurden is wiidweidich behannele, jo en do ek yn ûnbeskate sin. Yn it Hollânsk is ‘je’ dêrfoar ornearre (“Je bent jong en je wilt wat”). Do hast kreas útlein dat we dat yn it Frysk ek útdrukke kinne, mar dan krekt justjes oars, of miskien wol hiel oars, want jo, dat wat oars is as it Hollânske je, soarget foar in oare bûging fan it tiidwurd as u, wylst do, dat wol oerienkomt mei it Hollânske je en jij, altyd dy st-útgong by him hat. Ik sjoch net graach dat je yn it Frysk brûkt wurdt, benammen net skriftlik, omdat de Frysk-eigen bûgingsútgong dan yn ’e knipe komt.

Sa kaam it ûnbeskaat foarnamwurd men op it aljemint. Dêr soe ik oan taheakje wolle dat it ferskil yn útspraak fan dat wurd (Holl. mèn, Frysk mun) derta bydraacht dat se as wêzentlik ferskillende wurden oanfield wurde. Ferlykje “men [mèn] doet maar” mar ris mei “men [mun] hat der gjin nocht oan.” Dy Fryske ôfflakke útspraak fan men [mun] docht him ek foar by jin [jun] en dat koe der wolris de oarsaak fan wêze dat jin sein wurdt as men bedoeld is. Net goed fansels, mar it fersin is te begripen.

Fan ’e wike seach ik in nijsgjirrich foarbyld fan taalbedjer (om it samar te neamen), dêr’t ik graach op yngean wol. It giet om it nuvere sintsje “De karkommisje moast kieze út tweintich ferskate ynstjoeringen.” It wurd ferskate jout oan dat it om in (grut) oantal giet. Mar der stiet al in oantal (20), dat soks past fansels net byinoar. Óf tweintich derút, of ferskate derút.
Der spilet lykwols noch in oar probleem, dat yn it Hollânsk ek foarkomt. Ferskate kin nammentlik ek oanjaan dat der ferskil of, leaver sein, ûnderskied is. Skaat is it mulwurd fan skiede. Soe “út tweintich ferskillende ynstjoeringen” dan better wêze? Men soe it hast tinke, mar ynstjoeringen foar in priisfraach sille nea gelikens oaninoar wêze. Ferskillende foldocht hjir dus likemin as ferskate.
Der is ek noch it wurd ûnderskate, ôflaat fan it tiidwurd ûnderskiede. Dêrby giet it ûnderskied net om in ferskil yn eigenskippen, mar om it oantal. Dêr kom ik daliks noch op.
Ferskeidene wol ik it net oer hawwe, want dat is in grouwélige ynterferinsje, krekt as echtskeiding, skeidsrjochter en al sokke wurden mear.

Ik haw op skoalle it ûnderskied tusken ‘verscheidene’ en ‘verschillende’ sa útlein krige, en dat is neffens my streekrjocht oer te bringen op it Frysk: As ik in read en in blau baltsje haw, dan binne dat twa ferskillende baltsjes (ferskil yn kleur, stel dat se fierders gelyk binne). It iene wykt ôf fan it oare. Haw ik twa gelikense reade baltsjes, dan is der tusken dy twa gjin ferskil, mar ik kin se wol faninoar ûnderskiede, nûmer 1 en nûmer 2. Ferskate baltsjes kinne deselde kleur hawwe en hoege dus net ferskillend te wêzen. Ferskillende baltsjes hawwe net deselde kleur. Ferskate wiist op in oantal: ytlike of aardich wat, wylst ferskillende oanjout dat der in sichtber ferskil is.
It aparte is no dat it wurd ferskaat ek fariëteit, assortimint betsjut en dat hâldt wol deeglik ferskil yn. Dat docht myn útlis ûnderstek, mar rûchwei kinne wy it der dochs op hâlde dat ûnderskied wat oars is as ferskil.

It wurdboek jout ek ferskeel. Dat wurd sil net faak brûkt wurde, mar foar my is it hiel nijsgjirrich dat we njonken ferskil ek ferskeel hawwe. Skeel is spul, rûzje. In ferskil fan miening kin ta in konflikt liede; dat jout skeel! It is net dreech om fan skeel ta it Hollânske geschil te kommen.
As dy etymologyske redenaasje dy wat te rûch is, dan hear ik it graach, mar wy sille der grif gjin skeel oer krije. En oars soe ik sizze: “Kin ’t skele, ju.”

Mei in ferskaat oan groetnissen,

Ed

novimber 8, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim novimber 9, 13:20

    Miskien in ûnderwerp foar de takomst: de ûntbrekkende ‘e’ yn bg. “ús âld adres”. Ik kaam it tsjin yn in filmke fan Professor Henk mar ik hear it neffens my nea mear (NLse ynfloed?). De oersetter en hifker op Frysker.nl hâlde de e der gewoan by, al is it sûnder e ek net fout yn de hifker.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.