Briefkje oer taal (37)

novimber 1, 2022 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/10/briefkje-oer-taal-36/)

Bêste Ed,

Wy hawwe it yn ús lêste brieven oer oanspraakfoarmen hân en oer hoe’t dy yn it Frysk ferskille kinne mei it Hollânsk taalgebrûk. Sydlings roerdersto ferline wike it brûken fan jo oan dat linkenoan yn je oergiet. Dêr kinne we wol efkes op trochgean, want net alle oanspraakfoarmen hawwe we besjoen.

In inkelde kear sjoch ik yn skreaune teksten je stean, bygelyks ‘Je moatte der net te folle fan ite…’ of ‘Dy man kinne je net fertrouwe.’ Yn it Hollânsk is dat brûken fan je hiel gewoan, mar as it yn in Fryske sin stiet, dan ferbetterje ik it yn ‘Men moat der net te folle fan ite’ en ‘Dy man is net te fertrouwen.’ As der net je mar jo stien hie, dan klonken dy sinnen as warskôgingen foar ien dêr’t mei joke wurdt, want jo is ommers de beleefdheidsfoarm fan de twadde persoan. Ik wol net beweare dat it brûken fan je yn it Frysk altyd ferkeard is, mar op skrift kin it mar better út ’e wei gien wurde. Dan ropt it yn alle gefal gjin misferstân op. Of fersin ik my? Ik hear it graach.

Mei de gewoane twadde persoan (do, -sto) spilet neffens my itselde. Yn in petear fan freonen dy’t it oer harren wurk hawwe, kin ien sizze: “Hoechst it net te mâl te dwaan, want dan leist der samar út.” Hy seit dêrmei dat hy en syn kollega’s behoarlik ûnder druk steane. Omdat er it yn de twadde persoan seit, kin it oerkomme as sei er it tsjin ien fan de oaren, mar de kontekst makket dúdlik dat soks net de bedoeling is. Hy kin yn de twadde persoan prate omdat it tsjin freonen is. Soe er it oan in ûnbekende fertelle, dan soe er ‘men hoecht…’ of ‘wy hoege…’ sizze.

Hoe sit it dan mei men? Ik krij wolris de yndruk dat guon deabenaud binne om dat wurd te brûken. Se hawwe wolris heard dat dêr wat mei is of dat it in Hollânske ynterferinsje is. Dêr is wol wat fan wier, mar dat is net it hiele ferhaal. Yn ‘men moat der net te folle fan ite’ wurdt bedoeld dat alle minsken, iksels dus ek, der goed oan dogge en wês wat mijen mei ynnimen fan it ien of oar. Datoangeande kin dy sin wurdlik nei it Hollânsk oerset wurde, mar yn dy taal hat men faak in wat oare betsjutting.

In sin as ‘In de middeleeuwen reisde men te voet of te paard’ kin net wurdlik nei it Frysk oerset wurde, want yn it algemien hâldt men yn: mei ynbegryp fan de sprekker/skriuwer sels. As dy nó oan it wurd is, hat er der yn de midsiuwen sels net by west. Yn goefrysk kin it sa: ‘Yn de midsiuwen reizgen se geandefoet of op it hynder.’ It ûnpersoanlike se kin, as dat dúdliker moat, ferfongen wurde troch bygelyks de minsken of hannelslju. Yn in Frysktalige oankundiging fan in feestlike gearsit kin net stean ‘Nei it saaklik part kin men dielnimme oan in waarm miel’, want de opsteller skriuwt it oan de potinsjele dielnimmers. Hy sil sels ek wol oanskowe, mar dat is foar de útnûging net fan belang. Hy docht der goed oan en skriuw: ‘(…) kinne jimme…’ of ‘(…) kinne de leden…’ of, wêrom ek net, ‘(…) sille we mei-inoar oan tafel foar in waarm miel.’

Yn resepten stie foarhinne faak ‘Men neme een eetlepel…’. Dat sil no wol net mear skreaun wurde, omdat de winsklikheidsfoarm neme yn ûnbrûk rekke is. Mei dat ‘men neme’ waard bedoeld: ‘jo (of jimme) nimme…’ of oars sein ‘nim in ytleppel…’ (de hjittende foarm dy’t net as in befel mar as in advys bedoeld is en ek as winsk brûkt wurde kin). As yn it Hollânsk men sa brûkt wurdt, wurdt op oaren doeld en is de sprekker/skriuwer dêr net by ynbegrepen, dat it Fryske wurd men kinne wy dêr net yn brûke. De oplossing is by de útlis al jûn.

It Fryske men omfettet dus de sprekker/skriuwer sels ek. Soms betsjut it neat oars as ik. In foarbyld (ûntliend oan it Frysk Hânwurdboek en Frysker): Hy hat it dien en men kriget de skuld! Ik ken minsken dy’t yn sa’n gefal ‘jin’ sizze, mar dat liket my in fersin te wêzen.

It boppesteande jout wer hoe’t ik mien dat we ûnpersoanlike foarnamwurden brûke (kinne). Do en oare lêzers tinke der faaks oars oer. Dat ik bin benijd watfoar reaksjes oft derop komme.

Mei feonlike groetnis,

Jan

novimber 1, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.