Bouwe de Boer: Ljocht yn drege tiden

novimber 12, 2022 07:00

Kollum

Soms binne der fan dy wiken, dan is it krekt as waait der út alle hoeken in waarme wyn.
Achmea wol al syn meiwurkers helpe by it thús ferduorsumjen. Dy krije in weardebon om dy thús foar in duorsume ynvestearring te brûken. Yn Fryslân giet dat om in hiel soad meiwurkers. Mear as tûzen fan harren kieze foar sinnepanielen op it eigen hûs. Se kinne sels kieze, mar de bon fan 2500 euro kin net oars bestege wurde as oan duorsume saken. Wat in geweldich inisjatyf!

As dan yn dyselde wike seis studinten (Claim Your Future) út Fryslân op eigen inisjatyf oanbiede om har de kommende twa jier yn te spannen om op skoallen oer de kânsen foar duorsumheid les te jaan, dan liket der werklik in nije wyn te waaien.

Brede wolfeart

Foto Gemeente Ljouwert

Yn dyselde wike hawwe we mei fjirtjin kollega’s út de gemeente Ljouwert in jûn organisearre om te bepraten hoe’t we yn Fryslân noch mear dwaan kinne foar it behâlden of útbouwen fan it ‘lok’ fan de Friezen. It is grif wol bekend: de Friezen binne neffens geregeld ferskinende rapporten oer mjittingen it lokkichste folk fan Nederlân. Dêr stiet foaroer dat we ek it leechste ynkommen fan it hiele lân hawwe. Dat bewiist dat jild allinne net lokkich makket! Dat is fansels goed nijs, mar wat makket dy Friezen dan yn trochsneed lokkiger? It hinget grif gear mei it feit dat der nearne safolle ferieningen binne dêr’t men jin by oanslute kin. Fan lokale brass-band oant sportferiening en ek in rekôr oan enerzjykoöperaasjes en doarpen dy’t dwaande binne mei bygelyks Bloeisônes.

En dochs wolle wy trochgean om mei-inoar it lok nei in noch heger persintaazje út te bouwen. Dêr moat wol wat foar dien wurde. As we wer byinoar komme, wolle we tsien aksjepunten neame en beprate dêr’t we ús alle fjirtjin foar ynsette wolle. Op it mêd fan sûnens, earmoed, enerzjy, bioferskaat, iensumens… neam it mar op. In ferfolch is al pland en allinne dêr wurd ik al in stik lokkiger fan!

Dit is nûmer 71 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
novimber 12, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.