Boek oer skilder Jan Frearks van der Bij
Resint ferskynd
Kommende freed 2 desimber ferskynt it boek Keunstner tusken berop en ropping. Jan Frearks van der Bij 1922-2013. It wurdt presintearre by de iepening fan in oersjochseksposysje fan it wurk fan Van der Bij yn Museum Dr8888.

Boarne: Utjouwerij Wijdemeer
Jan Frearks van der Bij (1922-2013) wie foarbeskikt om by syn heit, dy’t hússkilder wie, yn it wurk. It foarútsjoch in libben lang kezinen te striken, noaske him lykwols net: syn talinten leine earne oars. Fan jongs ôf oan tekene en skildere er al. Noch yn de oarlochsjierren slagge er oan in baan as reklametekener. Tegearre mei syn sweager Pier Feddema folge er lessen by Herman Dijkstra yn Grins, dêr’t er yn ’e kunde kaam mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Mei har fiven foarmen se de skildersgroep Yn ’e line.
Yn de fyftiger jierren ûntwurp Van der Bij neist syn baan in grut tal boekomslaggen en mozaïken. Doe’t der in ein kaam oan syn wurk by it reklameburo, waard er tekenlearaar. Yn de earste helte fan de santiger jierren kaam dêrtroch fan skilderjen net folle. Nei syn pensjoen koe er wer los, en hie er sukses mei tal fan eksposysjes. Mei de mozaïken, syn boekomslaggen en benammen mei syn lânskippen dêr’t er Fryslân mei typearret, nimt er in wichtich plak yn de Fryske keunsthistoarje yn.
Elske Schotanus nimt yn it boek de libbensbeskriuwing fan de keunstner foar har rekken, wylst Gitte Brugman de keunst fan Van der Bij yn de kontekst fan syn tiid en syn tiidgenoaten beskriuwt.
Boekfersoarging: Gert Jan Slagter en Julien Hoekstra
Tal siden: 200
Utfiering: hurd omkaft, yn kleur
Sjoch ek op www.wijdemeer.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje