Biografy fan KP-lieder Piet Oberman
Resint ferskynd

Boarne: Utjouwerij Wijdemeer
Piet Oberman waard ûnder de reek fan Dokkum berne en brocht dêr it grutste part fan syn libben troch. Hy makke diel út fan in woltierige famylje fan houthannelers, dûmnys en bestjoerders, mei in sterk grifformearde ynslach. Famylje en stêd droegen flink oan syn persoanlike ûntjouwing by.
Hy wie seisentritich jier âld doe’t er as Frysk knokploechlieder op 8 desimber 1944 syn manlju foargie by de slagge kreak fan de Ljouwerter finzenis. Sûnder bloedferjitten witte se ienenfyftich minsken te befrijen. As dy aksje achttjin jier letter ferfilme wurdt en in protte publyk lûkt, stiget syn stjer nei grutte hichte. De myte kriget stal en ûntnimt sa foar bûtenstanners it sicht op de man.
De man Oberman is in man mei in protte gesichten. Sa is er in dwerslizzende jongfeint, in aventoerier, in ienling, in ‘feestnûmer’, populêr by de froulju, in faasjeduvel op ’e motor en yn syn Amerikaanske sliden, in betochtsum fersetslieder, slagge ûndernimmer, seesiler, oarehelte en heit fan fjouwer soannen. Auteur Hessel de Walle, dy’t yn 2019 De mannen van de overval publisearre, lit yn de biografy al dy aspekten foarby komme.
Boekynformaasje:
Hessel de Walle, Piet Oberman. De man en de mythe | Omvang 350 siden | Utfiering: hurde omkaft | ISBN 978 949 205 287 2 | Priis € 35,00
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje