Bedriuweterreinen De Himrik en De Swette yn Ljouwert krije earste Bosk-beammen
Resint ferskynd
Tiisdei 22 novimber wurde de earste Bosk-beammen op De Swette en De Himrik plante. Tiisdeitemoarn plantet wethâlder Abel Reitsma de earste beam by Verno Verhuur op De Swette. Wethâlder Evert Stellingwerf plantet op itselde momint de earste beam fan De Himrik op it terrein fan Kooistra.com. Yn totaal komme der 205 Bosk-beammen op de bedriuweterreinen te stean.

Boarne: Tresoar
Stap yn ’e griene rjochting
In grut part fan de bedriuweterreinen is ferhurde en dat kin problemen as hjittestress en wetteroerlêst fersterkje. Beammen meitsje De Swette en De Himrik better tsjin it feroarjende klimaat bestindich. Se hâlde wetter fêst, bine CO2 en fynstof en jouwe ferkuolling en skaad yn ’e simmer. Mear grien makket de bedriuweterreinen ek oantrekliker om te wurkjen, in bedriuw te fêstigjen of om der produkten te keapjen. De aksje is mooglik makke troch fjirtich ûndernimmers fan De Swette en De Himrik mei de bedriuweferieningen De Swette en De Himrik en de gemeente Ljouwert. De beammen komme op de terreinen fan dy ûndernimmers te stean. Grienbedriuw Van Beets plantet de beammen yn logistike gearwurking mei leanbedriuw Brak.
Griene subsydzjes
De gemeente biedt subsydzjes oan foar it fergrienjen fan it eigen terrein en it tûk mei reinwetter omgean. Bygelyks troch it oanlizzen fan in grien dak, wetteropfangynstallaasje of in griene tún. Sjoch op www.leeuwarden.nl/subsidies foar in oersjoch fan alle mooglikheden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje