Avine Fokkens fersus Jantien de Boer

novimber 21, 2022 15:28

Ynstjoerd

Yllustraasje: pixabay.com

By de Fedde Schurerlêzing dy’t ôfrûne sneon 19 novimber holden waard yn Tresoar yn Ljouwert foel my it kontrast op tusken de bydragen fan deputearre Avine Fokkens en sjoernaliste Jantien de Boer. Wylst Avine Fokkens, dy’t ornaris Hollânsk praat en muoite hat mei’t Frysk, har lêzing yn it Frysk joech, hold Jantien de Boer har kollum yn Hooghaarlemmerdijks. Jantien behearsket bêst it Frysk as it moat, mar nei eigen sizzen is Hollânsk de “taal van mijn hart” en joech se yn dit Frysktalige fermidden dêr de foarkar oan.

Men hoecht it ynhâldlik net mei Fokkens iens te wêzen, mar it falt te wurdearjen dat hja har foar it Frysk yn dit Fryske fermidden ynspanne woe. Wylst Jantien har wakker ynspant foar alles wat yn ’e natoer kwetsber is, wat tige te wurdearjen is, mist hja gefoel foar in kwetsbere taal as it Frysk dy’t slim bedrige wurdt troch de Hollânske dominânsje. Dit is neffens my mjitte mei twa mjitten. It muoit my dat ik it sizze moat, mar ik fyn dit persoanlik in mislediging fan it Fryske publyk.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer
20 nov. 2022

novimber 21, 2022 15:28
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. J G Mulder novimber 21, 16:29

    Jantien Boer hat salang se sjoernalist is altiten in anti Fyske west.

  2. Cor Jousma novimber 22, 16:46

    In plûm foar frou Fokkens!

  3. Joute de Graaf novimber 23, 14:13

    Dit falt my raarbôg fan Jantien. Frysk net de taal dy’t ticht by har stiet… ? Skytmerakels! Berne en opgroeit yn Frjensjer. Sawat yn it hert fan Fryslàn wer’t se sa fan de omjouwing hald.
    In hiel minne beurt

  4. Rinsc Bosma de Jong novimber 23, 14:30

    Better min frysk as gjin frysk.Sa fordwynt ús Fryske taal …Fokkens doch dyn bêst om Fryslân en ús frysk heech te hâlden.No mei ús Fokke Noppert stiet Fryslân wer op’e kaart.

  5. johan g.koers novimber 23, 14:42

    Alhiel iens mei Jehannes Elzinga. En it is krekt, sa’t Joute de Graaf seit: in hiel minne beurt foar Jantien! Hoe doart se har sa op te stellen yn in Frysk fermidden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.