Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (6. Waaksens)

novimber 28, 2022 08:00

Foto © Arjen J. Dykstra

Waaksens (op de plaknammebuorden: Waaxens) is in lyts terpdoarp. Der steane mar in pear huzen en der wenje likernôch fjirtich minsken. Dy binne mei-inoar wol tige warber. Ienridich kamen de ynwenners yn ferset, doe’t de gemeente Noardeast-Fryslân besleat om Frysktalige plaknammen yn te fieren. Se woene de ‘X-faktor’ graach hâlde. Al hoe Frysksinnich de measte ynwenners wol binne, de namme Waaksens like har neat ta. Wat soe dominy Posthumus derfan fûn hawwe?

Neist de Sint-Tomastsjerke stiet in grutte, foarname pastorij. Dy is boud yn 1894, op it plak fan de âlde pastorij. Yn dy âlde pastorij wenne Rinse Rinses Posthumus (1790-1859). Posthumus wie soan fan in bouboer en frederjochter út Ternaard. Posthumus hie in skerp each foar de sosjale ferhâldingen fan syn tiid en wie foarstander fan yngripende feroaringen op it maatskiplik flak.

Posthumus die al oan kontakten mei de oare Fryslannen. Hy reizge mei syn freon Joast Hiddes Halbertsma yn 1825 nei It Amelân en Skiermûntseach om oantekeningen oer de taal fan de eilannen te meitsjen. Letter gie er mei de yn taal ynteresearre jurist Montanus de Haan Hettema nei it Sealterlân.

Mooglik portret fan Shakespeare

Yn Fryslân krige Posthumus benammen lof omdat er de earste wie dy’t wurk fan Shakespeare oersette. It Frysk hie as taal doe noch net in lange literêre tradysje en dat wie fan ynfloed op de kwaliteit fan de oersettingen. Syn Fryske oersetting fan De Keapman fen Venetien in Julius Cesar ferskynde yn 1829 by útjouwer Jan Oomkes yn Grins, in ‘neef‘. It wie de earste Frysktalige oersetting fan Shakespeare. De Ingelske gelearde John Bowring (1792-1872), dy’t in pear dagen by Posthumus op ’e pastorij útfanhuze, skreau letter yn in biografy dat de oersettingen fan Posthumus de oarspronklike tekst it meast benei kamen.

Under ynfloed fan it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666) rekke Posthumus oan it dichtsjen. By de grutte Gysbert-betinking yn Boalsert (1823) rûn Rinse Posthumus yn de dêroan foarôfgeande optocht mei en lies er yn it stedhûs in tinkfers foar. In jier letter kaam syn Prieuwckes fen Friesche Rijmmelarije út. In grut dichter wie Posthumus net, syn styl is betiden wat stram, mar hy hie in grutte driuw om Friezen oan it lêzen yn de eigen taal te krijen. Posthumus wie in echte ‘Fryske beweger, mei kennis wapene’. O nee, dy spreuk heart by in beweechster út de tweintigste iuw. Mar gau op nei Brantgum.

Oare wike moandei fierder.

novimber 28, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.