Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (5. Holwert)

novimber 21, 2022 09:32

Yn Holwert fine wy fansels spoaren fan Waling Dijkstra. Dijkstra waard op 14 augustus 1821 berne yn Froubuorren. Heit wie bakker en dêr soe ek Waling syn bestimming lizze moatte. Waling naam wol de bakkerij yn Spannum oer. In protte wille yn it bakkersfak hie er net. Nei likernôch trettjin jier as bakker keas er foar in oare takomst. Hy ferhuze nei Frentsjer en kaam yn tsjinst by boekhannel en útjouwerij Telenga. Fan dy tiid ôf soe Waling Dijkstra folslein yn syn ûnderhâld foarsjen troch skriuwen, it hâlden fan foardrachten en it wurk yn de boekhannel en útjouwerij. Yn 1861 fêstige hy him as selsstannich boekhanneler yn Holwert.

Waling Dykstra hie in ortodoks-protestantske eftergrûn, mar keas op jonge jierren foar it modernisme en yn polityk opsicht foar it liberalisme. Fan kalvinistyske kant ûnderfûn er in soad krityk fanwegen de wize dêr’t er de kristlike húchelerij en skynhilligens op bespotte, yn it bysûnder de predikanten. Dêrtroch wie er net populêr ûnder de leauwigen. Fan likernôch 1860 oant 1885 wie er winterdeis hast alle jûnen earne yn de provinsje om foardrachtjûnen te jaan – it saneamde Fryske Winterjûnenocht – dy’t tige populêr waarden. Yn 1885 waard er einredakteur fan it Friesch Woordenboek. Waling Dykstra is – mei al syn aktiviteiten – te sjen as de grutte man fan de Fryske beweging.

Yn Holwert is in lytse Waling Dykstra-rûnkuier te meitsjen. Oan de Hegebuorren 8 stiet it hûs dêr’t er yn 1861 mei frou en bern yn kaam te wenjen. Nei’t dat hûs tige fertutearze wie, is it no it doel om it op te knappen en der in skriuwersplak fan te meitsjen. Dykstra is ferstoarn yn 1914. Op it tsjerkhôf is noch syn grêf te finen. Yn de Foarstrjitte stiet in ynformaasjeboerd oer him. It is yn it Nederlânsk skreaun. Men moat der wat foar oer hawwe om de toerist te ynformearjen. Oan de Hemmingawei stiet in brûnzen boarstbyld fan Walingom. We ferfolgje ús paad yn de rjochting fan Waaksens.

Takomme moandei fierder.

novimber 21, 2022 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.