Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (4. Ternaard)

novimber 14, 2022 08:00

Worp van Peyma (1795-1891), boer en wiskundige, krige namme troch syn plannen foar it ferbetterjen fan de diken yn Fryslân nei dyktrochbraken yn 1825. Hy wie in belêzen man en hie in soad kontakten mei Arjen Roelofs fan Hijum, in oare ‘boere-professor’, en hy briefke mei Wopke Eekhoff. Tagelyk mei Joast Hiddes Halbertsma fan Dimter waard er yn 1849 beneamd ta earelid fan it Ald Selskip. Nei de slimme ierappelsykte fan 1845 emigrearre Van Peyma yn 1849 mei in grut gefolch nei Amearika. Syn freon Jilles Klaasesz, letter boargemaster fan West-Dongeradiel, publisearre fersen. Dy syn broer, Harmanus Boekhout Klaasesz, skreau oer de Fryske skiednis. Jilles en Harmanus wiene omkes fan Nynke fan Hichtum. In tal fersen fan Jilles kamen yn it Frysk Lieteboek terjochte.

Foto Publyk domein

Yn Nes kaam Tsjalling Eeltsjes Halbertsma al te praat. Yn 1872 helle er de akte foar haadûnderwizer. Nei goed tweintich jier ûnderwizer waard er haad fan de iepenbiere legere skoalle fan Ternaard. T.E. Halbertsma wie in warber man. Hy waard rillegau skriuwer fan it dyksbestjoer fan De Ternaarder polder. Yn 1888 wie er belutsen by de bondel Liedjes voor school en thuis, útjûn troch A. Schaafsma yn Dokkum. As yn 1890 in soad abonnees For hûs en hiem opsizze, om’t it ‘te read’ wurdt, nimt T.E. Halbertsma it redakteurskip fan Piter Jelles Troelstra oer.

Hjoed-de-dei hingje wy flagen oer de kop, om’t boeren it dreech krije, mar Halbertsma utere dat troch deroer te skriuwen. Syn De nyerwetske lânhearre waard oerset en stie as feuilleton yn it Nederlands Landbouwblad. Om in byld te jaan, in stikje út it Nederlands Landbouwblad fan 13 jannewaris 1894: “en dus weer lenen? Ik zie niet in, dat wij daar een stap verder mee zullen komen. Neen, hoe langer boeren, hoe dieper in de schuld.” It Frysktalige stik Gearkomste yn de Swan oer hoe’t de tastân fan de lânbou ferbettere wurde kin troch koöperaasjes, hellet ek oare kranten yn Nederlân: “Mogen velen opgewekt worden tot lezen en deelneming, ook om de schoone wijze waarop Halbertsma de Friesche taal hanteert. Hij doet zijn naam eer aan.” Dizze mearsidige skriuwer, dichter, komponist en ûnderwizer ferstjert yn 1912. Letter dat jier ferskynt syn sammele wurk, yn twa dielen.

Utsein wat strjitnammen en grêfstienen fine we fierder gjin taastbere spoaren. Hoe soe dat yn Holwert lykje?

Takomme moandei fierder.

novimber 14, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.