Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (3. Wierum)

novimber 7, 2022 08:00

Wierum. Foto Arjen J. Dykstra

Der is wolris grute dat Wierum it berteplek wie fan de misjonaris en biskop Liudger. Dy ûnderstelling soarge der yn elts gefal foar dat Wierum sûnt 1969 in Liudgerstritte hat. Wy binne der net wis fan, mar wol dat Wierum oare fersprieders fan it kristlik leauwen en skriuwers fuortbrocht hat.

Ein njoggentjinde iuw kaam de ferpyldering (verzuiling) yn Nederlân ta stân. Dêrûnder fersteane wy de opdieling fan de maatskippij op grûn fan leauwensoertsjûging en/of maatskiplike opfettingen. Dêr hong de skoalstriid ek mei gear. Uteinlik waard it bysûnder ûnderwiis gelyksteld mei it iepenbier ûnderwiis. Wierum hie syn eigen skoalstriid. Dêr wie in soad rebûlje oer. Abe Brouwer (1901-1985) skreau in trilogy oer Wierum. Hy beskriuwt de kwestje yn it twadde diel, Gods Bidlers. In stikmannich prekers en skriuwers út Wierum binne yn dy tiid grutbrocht.

In letterlik wrâldferneamde Wierumer wie Freerk Christiaans Kamma (1906-1987). Kamma waard sindeling yn Papoea-Nij-Guinea. Hy waard letter ek kultureel antropolooch en wurke mei oan it oersetten fan it Nije Testamint yn it Biaks, in Papoeataal. Kamma wie in bern út in rjochtsinnige hûshâlding en gie nei de grifformearde skoalle.

Yn itselde jier waard Willem Wilman berne (1906-1974). Dy kaam út in hiel oar laach. Hy wie soan fan in heareboer mei sympatyen foar Piter Jelles Troelstra. Willem gie nei de iepenbiere skoalle en krige neist skoalle allinne in oere wyks fraachlearen by de herfoarme dominy. Hy waard sels ek dominy, mar gjin konvinsjonele. Troch syn teätrale tsjerketsjinsten krige er bekendheid. Yn 1960 kaam er dêrtroch sels yn in praatprogramma op ’e telefyzje. Syn dryste útspraken soargen foar in stream fan protesten. Doe’t er yn Aldskoat stie, kaam er yn ’e kunde mei Fedde Schurer. Hy hold tsjerketsjinsten yn it Frysk en skreau ek Fryske gedichten, meast poëzij mei in religieuze ynslach.

Der komme ek skriuwers út Wierum. De bruorren David Cornel (1901-1967) en Meindert (1906-1983) de Jong bedarren yn Amearika, mar hawwe harren earste jierren yn Wierum taholden. Beide waarden ferneamd as skriuwer. Wiene de bruorren yn Nederlân bleaun, dan hiene we se grif ta de Fryske bewegers rekkenje kinnen. Meindert skreau it berneboek The wheel on the school (it tsjil boppe op ’e skoalle). Dat is yn 1954 yn it Frysk oerset. Yn it boek giet in twilling op nei Ternaard. Lit ús dat ek mar dwaan.

Takomme moandei fierder.

 

novimber 7, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.