Antsje Speerstra wint Bolletongersdei Fotokwis
Resint ferskynd
Omdat se alles goed hie by de Bolletongersdei-fotokwis ‘Wêr lizze dizze brêgen yn Súdwest-Fryslân’, krige winner Antsje Speerstra-Breeuwsma út Folsgeare ferline wike in moai pakket Fryske streekprodukten.

Boarne: Sicco Rypma
De fotokwis, organisearre troch FNP Súdwest-Fryslân, is elk jier in grut sukses; dit jier wie keazen foar foto’s fan brêgen rûnom yn de gemeente, ferline jier gie it om keunstwurken. De FNP stiet alle jierren mei in kreamke op de altyd drokbesochte Bolletongersdei-merk. De minsken komme dan rûnom út Fryslân nei Hanzestêd Boalsert ta, meitsje in praatsje, hawwe fragen, der wurdt traktearre op apels en drûge woarst en se kinne oan de fotokwis meidwaan.
Organisator FNP-bestjoerslid Meinte Bergstra: “Der wiene wer in protte dielnimmers, takom jier steane we fansels wer op de merk yn Boalsert mei in nije Bolletongersdei-fotokwis”!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje