Anne Dykstra: Unfoech praat (5)

novimber 30, 2022 19:20

Kollum

Stront

Yllustraasje: pixabay.com

Ad Melkert seach yndertiid om Fortuyn hinne as om in keutel op ’e stoepe. Men sjocht ien kear, men wit wêr’t er leit, en docht dêrnei krekt of leit er der net. Stront wol ommers net ien mei te krijen ha. Stront stiet foar eat dat minderweardich of ferfelend is. It is dus tiid foar wat selsrefleksje as se jin freegje: ‘Stront, wa hat dy skiten?’

Dy Pim Fortuyn wie oars in echte strontsiker. Nee, nee, dat bedoel ik net, dat is jo eigen dirty mind! As men stront siket, siket men de konfrontaasje, is men op rûzje út.

Stront is weak en rûkt net bepaald lekker, teminsten dy fan in oar net. Dat makket stront in ideale substânsje om oaren yn te winskjen: ‘Kinst om my yn ’e stront sakje!’ Guon Keamerleden (en gâns oaren ek) sille dat faaks fan sa’n ien as Baudet tinke. Yn ’e reptilestront dan mar. It is foar harren te hoopjen dat it mei Baudet oars net is as in hopen stront yn in lyts potsje. Underwilens sit hiel De Haach knap yn ’e stront, yn ’e swierrichheden. Men moat wol stront yn ’e eagen ha om net te sjen dat polityk Den Haach bytiden sân kleuren stront skyt.

Oare wike woansdei fierder.

novimber 30, 2022 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.