Anne Dykstra: Unfoech praat (4)

novimber 23, 2022 08:00

Kollum

Shit!

Boarne: pixabay.com

Shit! Sûnt likernôch de sechtiger jierren is dy Ingelske útrop by ús yn ’e moade. Shit! In moai wurd, dêr’t men alles yn lizze kin. De sj yn it begjin wat lang oanhâlde en dan it lêste eintsje der ynienen út spuie, moai is dat. Spitich dat it net in Frysk wurd is. Oersette soe trouwens net folle helpe. Stront! of Poep! Dat heart ommers nearne nei. Frjemd eins dat wy yn it Frysk (en yn it Nederlânsk) soks net ha. De Dútsers ha ommers Scheisse! en de Frânsen roppe Merde!

Nei sechtich jier is shit terrein oan it ferliezen. Sa giet dat mei sokke wurden. Om ’e safolle tiid ûntstiet der ferlet fan in oar koart en krêftich útropwurd. Dat is Kut! wurden. My leit dat net foar yn ’e mûle, mar ik hear om my hinne dat it skoan foldocht. Kut! wurdt no al wer jierren brûkt en by de jongerein hat it shit! neffens my foar in grut part út it stee krongen. Benammen by de fruolju, liket it wol. No toe dan mar, al dy Ingelske wurden, dat is eins ek goed kut!

Oare wike woansdei fierder.

novimber 23, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Ed novimber 24, 09:59

    Oersette kin oars wol wat opsmite: skyt bygelyks. Dat is ek in krêftich wurd en is ek wol gauris te hearren. It is mar de fraach oft it echt ûnfoech is. Ah ju, skyt omheech, oftewol waai yn in knoop.
    De oersetting fan kut wurdt it wat oars mei. It wurdboek jout flodze en flodz (dat lêste soe as flots stavere wurde moatte, tinkt my). De f lang oanhâlde en dan de rest derút spuie. Hoe krêftich en funksjoneel oft it ek is, it leit jin net foar yn ‘e mûle. Earlik sein is my dat mar flots.

  2. Wynzen novimber 24, 16:10

    Tsjin myn bûtenlânske meiwurkers ferklearre ik dat wy (geef Frysk) sjit brûkten (it mocht om ús sketten wurde). Wy hiene gjin strontpraet omdat dat no just it boeregoud wie; se stonken der ek noch yn…

  3. Lútsen novimber 28, 11:56

    Skyt jarre stront dong mjuks noch ‘n ta!! Blikstjinder! Sa, dat jout ferromming.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.