Anne Dykstra: Unfoech praat (3)

novimber 16, 2022 08:00 Fernijd

Kollum

Oerhoer

Yllustraasje: pixabay.com

Oerhoer, âldere Fryske bibellêzers sille it wol ris tsjinkommen wêze. Bygelyks yn Matteüs 5:27 ‘Dû scilste gjin oerhoer dwaen’. Oerhoer kaam yn it Aldfrysk al foar as ovirhûr en ûrhôr. Yn oare Aldgermaanske talen is it nammers ek bekend. Oer hat hjir in fersterkjende funksje: ‘te folle, te bot.’ De algemiene Aldgermaanske betsjutting fan it twadde part is ‘troubrek, ûntucht, huorkerij’, oftewol seksuele aktiviteiten bûten it houlik. Yn ’e Nederlânske bibeloersetting wurdt ‘overspel’ foar kar nommen en de Fryske bibeloersetting fan 1978 seit koart en bûnich ‘Net troubrekke!’ Blinder!, tink ik dêr dan fuort efteroan. De gongbere hjoeddeiske term is ‘frjemd gean’, dat in Nederlânsk luchtsje hat. ‘Vreemd gaan’ soe neffens Van Dale trouwens út it Dútsk komme.

De Bibel, wy witte it allegear, is strang en rjochtlinich. Neffens bibelske mjitstêven giet men earder frjemd as dat men tinkt, sterker noch, der is neffens my net in kearel dy’t it nea ris dien hat. Lês Matteüs 5:28 (ek wer yn de oersetting fan Wumkes) mar ris: ‘Elk dy’t in frou oansjucht om hjar te begearen, dy hat yn syn hert al oerhoer mei har dien.’ Froulju hawwe sokke gedachten blykber net, of kaam it net iens by Matteüs op dat froulju fantasijkes oer in oare man as harren eigen hawwe koene?

We bliuwe noch even yn hegere sfearen. E.B. Folkertsma skriuwt yn it tydskrift Yn ús eigen tael (1917) dat ‘de Skrift seit, det gjin ûnearbere, ôfgoadetsjinner, boaskbrekker … Gods keninkryk ervje scil. Ik wit der fansels neat fan, mar it koe dan wol ris net sa drok wêze yn Gods Keninkryk.

Takomme woansdei fierder

novimber 16, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.