Anne Dykstra: Unfoech praat (2)

novimber 9, 2022 08:04

Kollum

Boarne: pixabay.com

Mige
Mige komt wat hurder oan as pisje. Grutte miellen en fikse strielen, dêr tink ik oan by migen. Sa’t in ko of in hynder miicht, sa sawat. Hielendal doocht dat oars net, want lytsere bisten mige ek. Mige heart wol echt by bisten. As fan minsken sein wurdt dat se mige, dan is dat neffens it wurdboek triviaal, oftewol: leech by de grûn.

Wy soene tinke kinne dat mige in spesifyk Frysk wurd is, mar dat is net sa. Van Dale hat miegen en mijgen ek en yn it Aldnoarsk komme al wurden foar dy’t dêr gâns op lykje. Mige is dus in echt Germaansk wurd. Miegen en mijgen binne neffens Van Dale gewestlik, mar triviaal wurde se net neamd. Brûkt wurde se tink ek net mear.

Immen dy’t miicht is fansels in miger, mar in jankpot of in eamelsek makket ek oanspraak op dy beneaming. Skiedsrjochters kinne ek hiel goed migers wêze. Faaks is miger wol in feilich alternatyf foar lul, mar dan moat men fansels gjin Fryske skiedsrjochter treffe.

Pyt Paulusma sleat syn waarpraatje gauris ôf mei ‘we moatte moarn mar wer ris yn it waar sjen.’ Hy sil it net sa bedoeld hawwe, mar ien fan de betsjuttingen fan yn ’t waar sjen, is wol: efkes nei bûten ta gean om te pisjen. Men kin better earst wol efkes om jin hinne sjen ear’t men it tinste der bûtendoar ôfrinne lit. Der kin jin samar in plysje op it skouder tikje as men noflik stie út te meallen. Men kin dan wol sizze dat men wat slop op it wetter is, of wat koartmiellich, it jout jin neat. Men giet op ’e bon, want men mei jins miel no ien kear net samar oeral dwaan. Frekte spitich, want wat is no in better plakje om de rún of de fôle drave te litten as bûtendoar? Hoe soe dat trouwens sitte? Meie plysjes harren prosesferbaal ek yn it Frysk skriuwe? En wat soe de ferbalisant dan as oertrêding opskriuwe? Ik gok op wyldplasse.

Mieg’n en mieg skine yn Oerisel noch foar te kommen en ik haw fan hearren sizzen dat yn ’e âlde Steate-oersetting fan ’e Bibel noch gewoan pisse wurdt. It Stellingwarfs Woordeboek hat miegen ek, mar dat seit der by dat ‘veelal ruw’ is ‘in vgl. met pissen, vooral indien op mensen van toepassing.’ Begryp ik no goed dat pissen yn ’e Stellingwerven der hiel goed op troch kin? Gau even by pissen sjen, en dan falt it dochs wat ôf: ‘pissen was vroeger [h]et gewone woord, tegenwoordig wordt het vaak als erg informeel opgevat.’ Plassen hat dêr pissen dus ek al ferkrongen. Wêr moat it hinne mei de wrâld!

Takomme woansdei fierder

novimber 9, 2022 08:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erk Petersen novimber 9, 09:38

    Migen haw ik folle jierren lyn noch as Plaatdüütsch wurd heard, it wie ris gongber yn Schleswig- Holstein.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.