Anne Dykstra: Unfoech praat (1)

novimber 2, 2022 07:00

Kollum

Stikjes yn de nije rige ‘Unfoech praat’ sille jo de kommende tiid mei in glimke op it antlit lêze, óf skodholjend oerslaan. Hjir giet it nammentlik oer minslike aktiviteiten dy’t foar gâns lju taboe binne. Net om te dwaan, mar wol om oer te praten, lit stean fan oer te skriuwen. Wy sille it hjir ha oer Fryske wurden en útdrukkingen foar minslike útskiedingsprosessen en foar de geslachtsdied en wat dêrmei gearhinget. In flokwurd mear of minder komt it ek net op oan.

Boarne: pixabay.com

Unfoech praat dus. Wat nó ûnfoech is, hat dat nammers net altyd west. Goedfryske wurden kinne samar in ferkeard luchtsje krije. Dat is bygelyks bard mei it wurd pisje. Oars ûnfertochte Friezen, wach op hollanismen, litte har bern net mear pisje, mar plasse. Soks komt fansels troch it Hollansk, dêr’t pissen as ûnfatsoenlik yn beskôge wurdt. Pisje komt nei alle gedachten fan it Frânske pisser (Aldfrânsk pissier). It is in lûdneibauwend wurd. Dat wol sizze dat it foarme is nei it pssss-eftige lûd dat je by it blaasleegjen hearre. Lytse bern meitsje sa’n lûd wol ris as se sebeare pisje: pssss!

Pisje is al in âld wurd, mar it hat syn bêste tiid hân. Op it heden kinne je lang net oeral mear samar sizze dat je efkes pisje moatte. Alternativen binne der lykwols ek net in soad. Mige? Nee, dan binne jo hielendal in ûnfatsoen. Efkes de geit ferstekke dan, of de jirpels ôfdreagje? Efkes mei jo sweager fûstkje faaks? Grappich, mar net fatsoenlik, en fruolju kinne dy útdrukkings net iens brûke.

Tsja, wat dan? It Hollânske plasse nimme jo as in oprjochte Fries leaver ek net yn ’e mûle. Hoe’t it ek is, pisjen giet foar dûnsjen, der moat wat gebeure, want it wetter stiet jo oant de knibbels ta. Ik soe sizze, sis mar neat, gean gewoan te pisjen. Wat hat in oar der ek mei nedich!

Ferantwurding
Dit stikje is basearre op in kollum mei de namme Taboe of net taboe, dy’t ik sa’n tweintich jier lyn yn de Leeuwarder Courant hie, en dat jildt ek foar de measte stikjes dy’t hjirnei op dit plak ferskine sille. It Wurdboek fan de Fryske taal (online te finen op https://gtb.ivdnt.org/search/) is de boarne fan in soad materiaal dat yn myn stikjes oan ‘e oarder komt. Foar de etymologyen dy’t ik jou, haw ik meast https://etymologiebank.nl brûkt. Dy’t reagearje wol, of wat freegje wol, dy kin dat dwaan fia ynfo@itnijs.frl.

Takomme woansdei fierder

novimber 2, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.