Amerikaan dy’t fan cruiseskip foel nei 24 oeren út see rêden
Resint ferskynd
Yn de Golf fan Meksiko is in drinkeling nei 24 oeren út see rêden. De Amerikaan wie de jûns derfoar fan in cruiseskip fallen.

Foto: pixabay.com
De man wie mei syn suster oan board fan de Carnival Valor dy’t út New Orleans wei fear. Om 23.00 oere hinne foel er om ûnbekende reden oerboard. Pas de oare deis joech syn suster oan dat er mist wie. Nei de ynset fan rêdingsboaten en wjukkelmasines waard er tritich kilometer út de Amerikaanske kust fûn. De bemanning fan in frachtskip seach de man op it wetter driuwen en alaarme de kustwacht. Dêrnei waard de drinkeling mei in helikopter rêden.
De man wie ûnderkuolle, mar syn tastân wie stabyl. Rêdingswurkers neame it in wûnder dat ien nei sa’n lange tiid yn see noch libbet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje