Albumpresintaasje ‘Echte mannen!’ fan Keizer & DeLaPorte yn De Wier, Koarnjum no sneon

novimber 21, 2022 09:53

Sûnt 2013 meitsje René de la Porte en Bauke Beert Keizer tegeare muzyk mei in protte wille. Healwei 2020 mocht net mear repetearre wurde fanwege koroana en optredens wiene der ek net mear by. Bauke Beert en René hiene beide noch in moai tal nûmers op ’e planke lizzen en besleaten in album op te nimmen, dat de titel Echte mannen! krige hat.

Foto: Bob de Boer Photography

Yn septimber fan dit jier is dat trijetalige album útkommen. De nûmers binne ûnderwilens ek te beharkjen fia Spotify en YouTube. In stikmannich pianopartijen fan de cd binne yn húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum opnommen. It lei dan ek foar de hân om in presintaasje te jaan yn dat yntime teäterke. Bob de Boer fan De Wier hat mei syn fotografy in bydrage levere oan de cd-hoes. Spesjaal foar de presintaasje hat de Ljouwerter keunstner P.K. van der Zee keunst makke by alle nûmers fan Echte mannen!. Sneontejûn sil er syn wurk eksposearje.

Elk is fan herte wolkom. Tagong inkeld nei oanmelding fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of fia telefoannûmer 05 – 54763154. Ofsizze is mooglik, mar dan wol trije dagen foar oanfang fan it evenemint, oars wurde de yntreekosten dochs noch ferrekkene.

Echte mannen! albumpresintaasje troch Keizer & DeLaPorte & band
Plak: húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum
Datum: sneontejûn 26 novimber 2022
Tiid: oanfang 20.00 oere, doar iepen om 19.30 oere
Yntree: € 12,50 de persoan mei dêrby ynbegrepen kofje/tee foar oanfang en wat lekkers derby.

Sjoch ek op de Facebookside fan De Wier.

Boarne: Bob de Boer Produkties

novimber 21, 2022 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.