37,9% mear digitale misdriuwen yn Fryslân
Resint ferskynd
Hieltyd mear Friezen hawwe te krijen mei digitale misdriuwen lykas fiskjen, hacken en WhatsApp-fraude. It ôfrûne healjier is it tal meldingen fan ynternetkriminaliteit fiks tanommen, nammentlik mei 37,9% neffens deselde perioade in jier earder. Yn Harns wie de kâns op digitale kriminaliteit it heechst. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl op basis fan de resintste plysjesifers.

Foto: pixabay.com
233 meldingen fan online kriminaliteit
Fan maaie oant en mei oktober waarden yn Fryslân 233 oanjeften fan ynternetkriminaliteit dien. Dat is 37,9% mear as yn deselde perioade ferline jier doe’t dat der 169 wiene. Fryslân is de iennige fan de trije noardlike provinsjes dêr’t online kriminaliteit tanommen is: yn Drinte bleau it stabyl en yn Grinslân rûn it tal oanjeften mei 12,8% tebek.
Fryslân komt lanlik op it tredde plak sjoen de sterkte fan de stiging, nei Súd-Hollân (+53,1%) en Limburch (+75,8%).
Ynwenners Harns faakst slachtoffer
Yn Fryslân waarden yn Harns relatyf sjoen de measte meldingen fan ynternetkriminaliteit dien: 10,6 op 10.000 ynwenners. Lanlik lei de trochsneed op 4,3 ynsidinten op 10.000 ynwenners.
Yn de neikommende Fryske gemeenten wie de kâns op ynternetkriminaliteit de lêste seis moanne it heechst:
Harns (9,5 op 10.000 ynwenners);
Waadhoeke (6,7 op 10.000 ynwenners);
Ljouwert (4,4 op 10.000 ynwenners);
Weststellingwerf (4,2 op 10.000 ynwenners);
Súdwest-Fryslân (3,6 op 10.000 ynwenners).
Inkeld op Flylân waarden it ôfrûne jier gjin meldingen fan digitale misdriuwen dien.
David Janssen, VPNGids.nl: “Ynternetkriminaliteit wurdt in hieltyd grutter probleem. Dat falt fansels te ferklearjen: wy dogge tsjintwurdich hieltyd mear online. Winkelje, belizze, kommunisearje en noch wichtiger: betelje. En wêr’t jild te heljen falt, folgje kriminelen… Dat, wês wach, benammen mei de hjeldagen yn it foarútsjoch, dêr’t grif oankeapen fia ynternet foar dien wurde.”
Benijd nei it tal digitale misdriuwen yn jo gemeente? Klik dan hjir.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje