Ynteraktive útstalling ‘Argyf fan de Takomst’ meikoarten yn Tresoar

oktober 27, 2022 08:10

Wat sjocht men wannear’t men troch de eagen fan in kompjûter nei fideobylden fan Fryslân sjocht? Fan 10 novimber o/m 31 desimber 2022 is yn Tresoar de útstalling ‘Archief van de Toekomst’ te sjen. In multymediale ynstallaasje fan keunstner en ûntwerper Richard Vijgen foarmet it middelpunt fan de útstalling.

Boarne: Tresoar

Yn de ynteraktive ynstallaasje komme hûnderten oeren byld fan Fryslân oer in perioade fan goed sechtich jier út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf by elkoar. In selslearende kompjûter makket it mooglik om mei Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) te sykjen nei patroanen yn de bewegende bylden. Troch te boartsjen mei de ‘eagen’ dêr’t de kompjûter de bylden fan Fryslân mei besjocht, fernimt men fan tichtby hoe’t de ynstallaasje ynformaasje ferwurket en kriget men in idee fan de mooglikheden, mar ek fan de beheiningen fan computer vision en it automatysk weromkennen fan bylden. De útstalling wurdt iepene op de earste dei fan it Noordelijk Film Festival en is ûnderdiel fan it festivalprogramma.

It begryp Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) of Artificial Intelligence (AI), stiet foar it fermogen fan in kompjûter om ynformaasje te ferwurkjen en beslissingen te nimmen. Hoe wurdt mei KI nei in digitaal argyf sjoen? Wurde dan ferbannen sjoen dy’t wy net sjogge? Watfoar patroanen wurde bleatlein? Kin KI in gids wêze, in kurator? Wit dy better wat we sykje as wysels? Is it ark of in orakel? Mei Het Nieuwe Instituut en VPRO Tegenlicht die Richard Vijgen de ôfrûne moannen ûndersyk nei de mooglike rol fan KI by it ûntsluten en presintearjen fan digitale erfgoedkolleksjes. It ûndersyk resultearre yn de útstalling ‘Archief van de Toekomst’ dy’t earder dit jier te sjen wie yn Het Nieuwe Instituut yn Rotterdam, dêr’t de ynstallaasje 20 jier útstjoeringen fan it telefyzjeprogramma VPRO Tegenlicht trochsocht. De útstalling komt no yn Tresoar yn Ljouwert en dan binne de útstjoeringen fan Tegenlicht ferfongen troch mear as 600 films út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oer in tiidrek fan goed sechtich jier (1920-1985), swart-wyt en kleur. De útstalling sil dêrnei oare argyfynstellingen oandwaan.

Mei de útstalling komt men yn ’e kunde mei begripen as computer vision en neurale netwurken en ûntdekt men hoe’t algoritmen patroanen ‘sjogge’ yn byld of tekst en hoe’t foaroardielen oan de basis lizze fan dyselde algoritmen. Oardielje sels oer de ûnderstelde ‘yntelliginsje’ fan de ynstallaasje. De útstalling is fergees te besjen ûnder de iepeningstiden fan Tresoar.

Het ‘Archief van de Toekomst’ is ûntwikkele troch VPRO Tegenlicht mei meiwurking fan Het Nieuwe Instituut en wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan it Mondriaan Fonds.

oktober 27, 2022 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.