‘Yndonezië easket keunst en natuerhistoaryske fynsten werom’
Resint ferskynd
It Yndonezyske regear easket acht keunststikken en natuerwittenskiplike kolleksjes fan Nederlân werom. Dat skriuwt Trouw, dat in list hat dy’t yn july nei it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip stjoerd is. Yndonezië neamt dy objekten rôfguod en wol se werom hawwe.

Naturalis yn Leien (foto: Wikipedia/Hay Kranen – CC BY 4.0)
Neffens Trouw giet it ûnder mear om de folsleine Dubois-kolleksje, dy’t yn museum Naturalis yn Leien útstald is. Dy bestiet út sa’n 40.000 fossilen dy’t oan ’e ein fan de njoggentjinde iuw yn Yndonezië troch de Nederlânske ûndersiker Eugène Dubois opgroeven binne. Op de list soe ek it topstik fan dy kolleksje stean, de wrâldferneamde deadskop fan de Javaminske, dy’t sjoen wurdt as de wichtichste skeakel yn de minsklike evolúsje. Fierder wol it Yndonezyske regear ûnder mear de saneamde Lombokskat werom. Dat is in grutte samling edelstiennen en gouden en sulveren sieraden dy’t no troch it Ryksmuseum foar Folkekunde yn Leien beheard wurde.
‘Musea noch net op ’e hichte’
It ministearje befêstiget yn ’e krante dat it fersyk fan Yndonezië yn july nei steatssekretaris Uslu stjoerd is. De list is noch net mei de oanbelangjende musea dield, neffens it ministearje, soks om spekulaasje foar te kommen. In earder oankundige ûnôfhinklike kommisje ûnder lieding fan Lilian Gonçalves sil dit soarte fersiken beoardielje. In wurdfierder fan Naturalis seit tsjin Trouw dat se yndie noch net fan de list op ’e hichte wie, al hold it museum der neffens har wol rekken mei dat it fersyk komme soe. Naturalis seit mei te wurkjen oan in ûndersyk nei de kolleksje, mar seit fernuvere te wêzen dat Yndonezië de natuerhistoaryske objekten en keunstskatten op deselde hoop faget.
“Keunstskatten binne mei de hân makke troch minsken fan de pleatslike befolking”, seit de wurdfierder fan Naturalis. “Mar fan de Javadeadskop kin men sizze: dy wie net fûn as de Nederlanner Dubois gjin syktocht opset hie.” Direkteur Van Bommel fan it Nasjonaal Museum fan Wrâldkultueren seit it “moai te finen dat der no in formeel fersyk út Yndonezië leit”. It museum beheart neffens Trouw fjouwer fan de acht objekten en kolleksjes op ’e list en ûndersocht al earder it komôf.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje