Yn it ferline kinne jo net libje: skiednis, hjoeddeistige situaasje en foarútsichten fan de ynterfryske kontakten
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Skiednis mei Hilbert: Fryske en Frankyske munten út Doarestêd 0
Skôging troch Otto S. Knottnerus*

Foto © MAKE photography / Marijke van Dekken
De skiednis fan ynterfryske kontakten giet tebek oant djip yn de njoggentjinde iuw, doe’t de Nederlânske Friezen noch te krijen hiene mei ûnderdanen fan ferskate oanbuorjende steaten. Yn dy tiid wiene der, lykas bekend, Prusyske, Deenske, Hannoveraanske, Oldenburger en op Hilgelân oant 1890 sels Britske Friezen. Dat it nasjonale sentimint fan de Dútsers faak late ta de winsk om de Nederlânske Friezen in thús yn it Dútske ryk oan te bieden, waard troch harren westerske buorlju foar in grut part negearre. Itselde wie oarsom wier: de Dútske petearpartners makke it neat út dat de Friezen harren bûtenlânske kontakten benammen brûkten om harren eigen taalstriid tsjin de Nederlânske autoriteiten te fersterkjen.
It begryp fan wjerskanten krige in wichtige ympuls troch de mienskiplike Fryske kongressen út 1925 en de oprjochting fan de Ynterfryske Rie yn 1930, dêr’t ek de West-Friezen yn Noard-Hollân oan meidiene. Fierdere gearwurking waard lykwols foar it grutste part dreger makke trochdat de nasjonaal-sosjalisten de macht oernamen en troch de kontrastearjende oarlochsûnderfingen fan de Dútsers en de Nederlanners. De Ynterfryske Rie waard pas yn 1956 op ’e nij oprjochte, mar no as alliânsje fan notabeleferieningen, dy’t foaral bedoeld wie om de útwikseling fan demokratyske ideeën yn ’e geast fan Europeeske gearwurking te befoarderjen. De wichtichste tema’s wiene net langer identiteit, taal en etnisiteit, mar ekonomy, kultuer, plattelânslibben, toerisme, migraasje, lânskip en klimaatbelied. Pas yn 2018 stie de Fryske kultuer wer boppe-oan op de aginda.
Mar wat ferbynt no de Friezen? Ik wol fjouwer ûnderwerpen ûnder de oandacht bringe.
- Op it mêd fan taal binne der wat ûngemaklike wierheden: allinnich yn Fryslân is it Frysk de earste of twadde taal fan gruttere parten fan de befolking. Yn wichtige parten fan de provinsje en yn de stêden wurde Nederdútske of Nederlânske dialekten praat. De measte East- en Noard-Friezen prate Nederdútsk of Heechdútsk.
- De mienskiplike Fryske skiednis is foar it grutste part mytysk. Yn de njoggentjinde en tweintichste iuw waard it boppedat bedutsen troch nasjonale gefoelens. Opfallend is dat wichtige parten fan midsiuwsk Fryslân (bgl. Grinslân) no as “bûtenlân” rekkene wurde.
- De mienskiplike kultuer fan de Fryslannen is fierhinne beskaat troch de bloeitiid fan de Republyk der Nederlannen yn de santjinde en achttjinde iuw en troch it oplibjen fan de lânbou yn de njoggentjinde iuw.
- De histoaryske kustlânskippen – de polders en terpdoarpen, de wâlden, de eilannen en de Waadsee – foarmje de wichtichste mienskiplike neamer fan de Fryske kustgebieten, mar net oeral op deselde wize.
De takomst fan ynterfryske gearwurking leit dêrom net yn it ferline, mar yn de reewilligens om hieltyd nije petearûnderwerpen te finen dy’t it mooglik meitsje om faninoar te learen. Yn it reine komme mei it ferline is wis ien fan dy ûnderwerpen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje