Yn ferhâlding wurkje net folle Friezen: sifers de gemeente
Resint ferskynd
Ferline jier hie 69,8% fan de Fryske beropsbefolking in betelle baan. De arbeidspartisipaasje yn Fryslân leit dêrmei wat ûnder de lanlike trochsneed: fan alle Nederlanners tusken de 15 en 75 jier wurket 70,4%. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan CVster.nl op basis fan data fan CBS en Eurostat.

Fjoertoer fan Flylân (foto: pixabay.com)
Relatyf measte wurkjende minsken op Flylân
Op Flylân is – yn ferhâlding – it grutste part fan de ynwenners aktyf. Fan alle Flylanners tusken de 15 en 75 jier is nammentlik 73% wurksum: nearne yn Fryslân is it oanpart wurkjenden sa heech. De top fiif fan gemeenten yn de provinsje mei de heechste arbeidspartisipaasje is sa:
- Flylân: 73%
- It Amelân: 71,4%
- It Hearrenfean: 71,3%
- Opsterlân: 71,2%
- De Fryske Marren en Tytsjerksteradiel: 70,9%
Yn ’e gemeente Skiermûntseach leit de arbeidspartisipaasje it leechst: dêr wurket mar 67,5% fan de beropsbefolking. Yn Harns (67,7%) en Ljouwert (67,9%) wurket ek in relatyf lyts part fan de ynwenners neffens oare gemeenten.
Grutte ferskillen tusken manlju en froulju
De arbeidspartisipaasje op ’e Fryske arbeidsmerk ferskilt tige tusken manlju en froulju. Fan de manlike befolking wurket hast trijefearn (73,2%), wylst it by froulju om in folle lytser part giet (66,3%). Gemeenten dêr’t froulju it faakst in baan hawwe, binne Flylân (69,2%), It Hearrenfean (67,9%) en Opsterlân (67,4%). Yn Harns hawwe relatyf sjoen de minste froulju betelle wurk (63,7%).
40% mear wurkjende minsken ûnder 50- oant 64-jierrige Nederlanners
Fan alle 50- oant 64-jierrige Nederlanners wurket ûnderwilens goed trijefearn. Ferlike mei tweintich jier lyn giet it om in oanwaaks fan 40,3%. Mei dat oanpart âldere wurkjenden stiet Nederlân yn ’e Europeeske top tsien fan wurkjende fyftichplussers.
Undersyksmetoade
Foar it ûndersyk binne ferskate datasets brûkt fan sawol CBS as Eurostat, de Europeeske grutte suster fan it CBS. Konklúzjes oer arbeidspartisipaasje binne lutsen oan ’e hân fan de netto arbeidspartisipaasje lykas CBS dy hantearret en wurkgelegenheidsgraad by Eurostat. Alle sifers oer it earste fearnsjier fan 2022 en Europeeske lannen binne ôfkomstich fan Eurostat, wylst de Nederlânske regionale ferlikingen op CBS-data basearre binne.
Mear ynformaasje oer it ûndersyk, resultaten en fisualisaasjes binne te finen op: cvster.nl/blog/
0,6 % ôfwiking fan it lanlik gemiddelde – wêr hawwe wy it oer? Is dat statistysk signifikant? Is der mei gemiddelde leeftyd rekken holden? Mei oare wurden, eins is dit gjin nijs,