Wiere winst: brede wolfeart yn Fryslân
Resint ferskynd
Skôging troch Taeke Tuinstra en Jacqueline Hofstede*

Foto © MAKE photography / Marijke van Dekken
Winst is de soerstof fan in organisaasje en jild is as ynstitúsje in middel om ûnder oare transaksjes en beleannings te fasilitearjen. Organisaasjes wurde lâns de mjitlatte lein fan de winst dy´t se meitsje. As binnen in organisaasje de fokus op finansjele kosten en baten lein wurdt ûntstiet lykwols in iensidige kyk op de weardekreaasje en de priis, en ek op de kosten dy’t dêrfoar betelle wurde. Dêrneist betsjut it dat it kwantifisearjen fan winst en ferlies yn jild gjin ein ken. As gefolch dêrfan binne ekonomyske groei (BBP, wurkgelegenheid) op makronivo en groei fan winst op mikronivo ferheven ta wichtige wearden binnen in dissipline dy’t út wittenskiplik eachpunt wei beëaget om weardefrij te wêzen: de ekonomy. Lykwols, ekonomyske groei as wearde konfliktearret gauris mei oare wichtige maatskiplike wearden dy’t in kultuer typearje, lykas duorsumens, solidariteit, gelikense kânsen en behanneling en rjochtfeardichheid.
Sels doe’t Kuznets hast njoggentich jier lyn it Bruto Binnenlands Product (BBP) as grûnlizzer fan de hjoeddeiske mjitstêf foar it kollektive swit fan miljoenen boargers ûntwikkele, die er dat mei in wichtige bysluter: “The welfare of a nation can scarcely be inferred from a measure of national income. … Goals for more growth should specify more growth of what and for what.”
Mei de hjoeddeiske maatskiplike beweging nei in bredere definysje fan wolfeart, sil ús tinken en dwaan feroarje moatte. Sa hat de provinsje Fryslân yn syn lêste bestjoersakkoart net it jildlik BBP, mar ‘gelok op 1’ set. Bedriuwen yn Fryslân sille hieltyd mear omtinken hawwe moatte foar mearfâldige weardekreaasje. Mar oant no ta hawwe dat soarte fan duorsumheidsferslaggen ûnderskate oandachtspunten fan krityk. Sa is duorsume ferslachlizzing bygelyks net standerdisearre en ek it bêste besykjen dêrta (e.g. Global Reporting Initiative) sjit noch slim tekoart. It gefolch is de klam op ‘story-telling’, dêr’t in posityf byld by sketst wurdt mei de moaiste foarbylden fan in bedriuw dat op sa’n geunstich mooglike wize presintearre wurde. Net de brede definysje fan wolfeart stiet sintraal, mar meastal noch it finansjele gewin. Wolle we echt feroarje, dan sil ús tinken 180 graden keare moatte. Net winst, mar impact op brede wolfeart soe it útgongspunt wêze moatte.
De yn 2010 yn Eastenryk ûntstiene organisaasje ‘Economy for the Common Good’ (ECG) foarsjocht yn sa’n yntegratyf tinken en dwaan. Mei syn holistyske Common Good Balans biedt it in metoade foar ûndernimmingen, oerheden en maatskiplike organisaasjes om systematysk te wurkjen oan Brede Wolfeart. De diminsjes fan de Common Good Balans wurde foarme troch fiif belangegroepen en fjouwer kearnwearden. Dy fjouwer kearnwearden binne ‘Minsklike Weardichheid’, ‘Solidariteit en Sosjale Rjochtfeardigens’, ‘Ekologyske Duorsumens’ en ‘Transparânsje en Meisizzenskip’. Dy represintearje in weardesysteem dat mear op minsken rjochte is en ynklusive en kommunikative, ekologyske organisaasjefoarmen mooglik makket. Organisaasjes dy’t dy kearnwearden omearmje, ferbine har mei alle relevante doelgroepen en besykje de bedriuwsfiering ôf te stimmen op harren ferlet, wêrtroch’t se ûnder mear respektfoller omgeane mei minske en natuer. (By de presintaasje waard taljochte hoe’t dat der yn de praktyk útsjen kin.)
Mei dizze bydrage wurdt fuortborduerd op it inisjatyf mei de “Expeditie Ware Winst Noord” dat yn 2019 úteinset is. Mei syn spesifike ynfrastruktuer en eigenheid kin Fryslân koprinner wurde yn it neistribjen fan brede wolfeart. Mei de (mooglike) komst fan de tredde ynternasjonale wittenskiplike ECG-konferinsje yn 2024 yn Ljouwert, kin Fryslân in moai poadium krije om inisjativen oangeande it neistribjen fan brede wolfeart fierder ynternasjonaal te etalearjen en yn ’e mande mei partnerregio’s yn binnen- en bûtenlân út te bouwen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje