Wer in Frysk waarmterekord ferbrutsen

oktober 29, 2022 17:10

It is hjoed de waarmste Fryske 29 oktober sûnt 1950. Yn dat jier begûn it KNMI mei it mjitten fan de temperatueren op ferskate plakken yn Nederlân, mei dêrûnder Ljouwert. It âlde waarmterekord stie op 17,4 graden en datearre fan 2005. It nije is 19,1 graden.

Al jierren sneuvelet it iene waarmterekord nei it oare, nei alle gedachten trochdat it klimaat bliuwend oan it feroarjen is. Dit jier binne al alve Fryske deirekords brutsen. Der wie dit jier ek in Frysk kjeldrekort: 9 maaie 2022 wie de kâldste 9 maaie sûnt 1950.

oktober 29, 2022 17:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.