Wales wurket oan taalfreonlike huzepolityk

oktober 14, 2022 12:17

Yn Welske doarpen is it in groeiend probleem: minsken út Ingelân keapje der in hûs, faak as fakânsjehûs, en foar de eigen jeugd is der gjin betelber plak mear te finen. De nijkommers leare boppedat meastal gjin Welsk en feroarje boppedat gauris histoaryske Welske hûsnammen yn wat Ingelsktalichs. It regear fan Wales hat no in pakket maatregels betocht om dêr wat oan te dwaan.

Ien fan de wichtichste maatregels is dat gemeenten stimulearre wurde om huzen te bouwen of op te keapjen en dy yn in stifting ûnder te bringen dy’t se dan ferhiert. Sa is de mienskip sels baas oer wa’t wol en net nije ynwenners wurde kinne.

Fierder begjint de Welske oerheid mei in kampanje om huzebesitters derta op te roppen mei it doarp te oerlizzen foardat se harren hûs ferkeapje. Se hâlde dan hooplik mear rekken mei de winsken fan de minsken dy’t nije buorlju krije.

Fierder komme der regels foar it wizigjen fan hûsnammen. Yn Wales binne dat faak offisjele nammen, dy’t ek diel binne fan it postadres. It moat dreger wurde om histoaryske hûsnammen te wizigjen. Wat ynformele feroaringen oangiet, bygelyks it pleatsen fan buordsjes mei Ingelsktalige nammen op it hiem, wurdt noch oer belied neitocht.

Der komme ek mooglikheden foar Welske gemeenten om belesting te heffen op huzen dy’t net permanint bewenne wurde. Minsken dy’t in hûs hawwe en it oan oaren ûnderferhiere, moatte dêr tenei in fergunning foar hawwe. Gemeenten kinne sels útmeitsje ûnder hokker betingsten oft se sa’n fergunning ferliene.

Fierder ynvestearret Wales yn wurkgelegenheid en yn Welsktalige ferienings. Wales hat as offisjeel belied dat it der yn 2050 in miljoen ynwenners it Welsk prate kinne moatte. Dat is 20 persint mear as no. Fierder moat it oanpart fan de minsken dy’t it Welsk op deistige basis brûke dan ferdûbele wêze.

oktober 14, 2022 12:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.