Waarpraatsje: Tongersdei sinne
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie woansdei in skiere, mar ek hiel rûzige dei. Tongersdei komt de sinne werom.
Woansdeitenacht bliuwt it rûzich, mei yn it Waadgebiet in pear buien mei kâns op swiere wynpûsten. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich en yn it Waadgebiet earst noch hurd. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.
Tongersdei skynt de sinne flink en it wurdt in graad of 17. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn it Waadgebiet stiet yn ’e moarntiid earst noch wat mear wyn.
Freed is der wer mear bewolking.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje