Waarpraatsje: Noflik hjerstwaar

oktober 3, 2022 19:20

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei noflik en rêstich hjerstwaar en tiisdei sil dat ek sa wêze.

Moandeitenacht is it frij helder en op guon plakken soe (wat) damp ûntstean kinne. De temperatuer leit tusken 6 en 10 graden. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns waait in matige súdwestewyn.

Tiisdei kin it earst noch wat dampich wêze, mar letter skynt de sinne ek flink. De wyn komt út it súdwesten en is matich. It wurdt in graad of 17.

Fan woansdei ôf nimt de kâns op reinwetter wer ta, mar in wiete boel sil it foarearst net wurde.

Jan Brinksma

oktober 3, 2022 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.