Waarpraatsje: Myld

oktober 4, 2022 19:17

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De hjerst is dizze wike útfanhûs. It binne kreaze en mylde dagen. Woansdei stiet der wol in stûfe wyn.

Tiisdeitenacht is de loft berûn en mei 10 graden wurdt it in mylde nacht. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich.

Woansdei liket yn Fryslân in skiere dei te wurden. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it oan ’e mylde kant.

Jan Brinksma

oktober 4, 2022 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.