Waarpraatsje: Moai mar rûzich hjerstwaar

oktober 6, 2022 19:17

De Skarster Rien. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in prachtige hjerstdei en freed liket ek in moaie dei te wurden.

Tongersdeitenacht is it frij helder, mar wol rûzich. Der stiet in matige oant frij krêftige súdwestewyn en by de kust lâns in frij krêftige oant krêftige wyn. De temperatuer leit tusken 8 en 14 graden.

Freed wikselje bewolking en sinne inoar ôf. It bliuwt, nei alle gedachten, wol drûch. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Mei 17 graden is it oan ’e mylde kant.

Yn it wykein bliuwt it net hielendal drûch, mar min wurdt it net.

Jan Brinksma

oktober 6, 2022 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.