Westerske media ferwikselje Grinslân en Fryslân op ’e nij
Resint ferskynd

Ferline wike kaam de Volkskrant al yn it nijs, om’t de krante in kaartsje befette dêr’t Fryslân as Groningen en Grinslân as Friesland op oantsjut wie. Dat Rânestedske sjoernalisten – it haadkantoar fan de krante sit yn Amsterdam, de stêd hielendal efteroan de A7 – net in soad kennis hawwe fan de ierdrykskunde fan Noard-Nederlân, wie wol dúdlik. Fan ‘t wykein lieten de kollega’s fan de NOS sjen dat in ezel him bêst twaris oan deselde stien stompe kin.
Yn it programma Jeugdjournaal – in Hollânsktalige ferzje fan hjoed spesjaal foar bern, gie it oer de ierdskok fan sneon by Wirdum yn Grinslân – in ierdskok dy’t nota bene feroarsake is troch de gaswinning fan de Haachske polityk en it Haachske bedriuw Shell. Yn it Jeugdjournaal wie in kaartsje te sjen fan Noard-Nederlân en dêrop wie net Wirdum oanjûn, mar Wurdum – want dat Fryske doarp hjit op syn Hollânsk ek fan Wirdum. Dat op it kaartsje dúdlik te sjen is dat der in plak yn Fryslân en net yn it Grinslânske ierdskokgebiet oanjûn is, hat op ‘e redaksje fan de NOS sa’t it liket by net ien ta ferwûndering laat. Faaks moatte de grutte media yn ‘e Rânestêd ris wat mear wurk meitsje fan ferskaat op ‘e wurkflier – en nim wat mear lju út Fryslân en Grinslân oan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje