Tydlike opfang flechtlingen op skip yn Harns
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Fan begjin novimber ôf wurdt yn Harns tydlike krisisneedopfang beskikber steld. Dat bart yn ’e foarm fan in riviercruiseskip dat foar in perioade fan seis moanne opfang biedt oan op syn meast 170 flechtlingen út Ter Apel. It kolleezje fan B&W hat dêr nei ôfstimming mei de gemeenterie ta besletten. De Feilichheidsregio Fryslân regelet it skip en is ferantwurdlik foar de praktyske saken oangeande de opfang fan de minsken.

Stedhûs Harns (foto: Wikipedia/Gouwenaar – publyk domein)
De krisisneedopfang is foar in koarte tiid. Dêrnei streame de flechtlingen troch nei de reguliere opfang op oare plakken yn Nederlân. It oanmeldsintrum yn Ter Apel kin de stream flechtlingen net oan. Mei it bieden fan krisisneedopfang wurdt tefoaren kommen dat minsken bûten sliepe moatte of yn bussen omride. It Ryk stelt jild beskikber om de kosten dy’t makke wurde te fergoedzjen.
De opfanglokaasje yn Harns is oant 1 maaie 2023 beskikber (seis moanne). Dêrnei fart it skip fuort en is de lokaasje wer iepenbier tagonklik. Yn oerlis mei it havenbedriuw fan Harns en de Feilichheidsregio Fryslân is besletten om it riviercruiseskip by de fiskfeiling oan de steger foar sportfiskers te lizzen (neist de kamperplakken). Dy lokaasje is goed te befeiligjen en te berikken.
Fan alle Fryske gemeenten wurdt in bydrage ferwachte
It Ryk hat de Feilichheidsregio’s frege om krisisneedopfang te organisearjen. Foar Fryslân betsjut dat 450 opfangplakken. It is de bedoeling dat alle Fryske gemeenten in bydrage leverje en inoar ôfwikselje. De Feilichheidsregio Fryslân is ferantwurdlik foar de ynrjochting, it gebrûk en de feiligens yn en by it riviercruiseskip yn de opfangperioade. De organisaasje regelet it skip en de praktyske saken oangeande de opfang fan de minsken.
Regels en feilichheid opfanglokaasje goed boarge
De opfanglokaasje is frij tagonklik foar de flechtlingen. Hja krije op lokaasje ynformaasje oer wat de regels en de wensten yn de opfanglokaasje en omkriten binne. Minsken binne frij om de opfanglokaasje te ferlitten. Der is 24 oeren deis befeiliging op de lokaasje oanwêzich.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje